Argyf juny 2009

Slakkegong
26-06-2009 - It is slimmer as ea. De optocht midden yn 'e nacht. Of soe ik it earder net sjoen haw? Ik wit it net, mar de grize giet my sa no en dan oer de grouwe. Wêr't dit oer giet? Oer slakken. Slûchslimme slakken.

It moaiste wurd
21-06-2009 - Foar 2009 wurdt it moaiste Noardfryske wurd socht. Jo kinne jo moaiste Fryske wurd dat jo betinke kinne ûnderoan dit weblog pleatse.

Twataligens
15-06-2009 - As yn in (oansteand, jong) gesin ien fan de âlders in oare taal praat, is der faak twivel oer yn hokker taal de bern op te fieden. By de kombinaasje Frysk-Nederlânsk wurdt der al gau keazen foar it Nederlânsk. Der binne in oantal goede redenen om dêr noch ris goed oer nei te tinken.

It giet net troch...
12-06-2009 - Yn myn foarige blog hie ik heal en heal beloofd dat ik in yn it Frysk oerset liet pleatse soe. Ik woe dit net dwaan sûnder kabaretier X. tastimming te freegjen. As je immen wat freegje, kin it antwurd 'ja' én 'nee' wêze. Yn dit gefal wie it 'nee'.

Fryske tekst
10-06-2009 - Soms kom ik teksten tsjin dy't my oansprekke. Yn guon gefallen fyn ik it spitich dat sa'n tekst der net yn it Frysk is. Omdat ik no ien kear tige graach fertale mei, gean ik bytiden foar sa'n tekst sitten en meitsje der in Fryske tekst fan. Ik hoopje dat ik der ynkoarten ien pleatse kin op dit weblog.