It moaiste wurd
21-06-2009 - Foar 2009 wurdt it moaiste Noardfryske wurd socht. Jo kinne jo moaiste Fryske wurd dat jo betinke kinne ûnderoan dit weblog pleatse.
De ôfdieling 'Sprache und Literatur' fan it Nordfriisk Instituut yn Bredstedt (Dútslân) ropt alle Noardfriezen op om mei it moaiste Fryske wurd fan 2009 te kommen. Moai kin in soad betsjutte, mar it kin ek in wurd wêze dat moai klinkt, of dat moaie oantinkens of tinzen opropt. It kin ek in wurd wêze dat dreech oer te setten is yn it oare taal.
Wy sitte hjir yn in hiel oar taalgebiet (Westerlauwersk Frysk), mar ik soe it tige aardich fine dat jo jo moaiste wurd hjir op dit weblog efterlieten by de reaksjes.
Mochten jo net alhiel wis wêze fan de skriuwwize fan jo moaiste wurd, klik dan hjir en Fansels lost dit foar jo op.
Alfêst tige tank!
Lees deze blog in het Nederlands
Reaksjes
Behe op zondag 21 juni 2009
Noflik
himp op woensdag 1 juli 2009
tútsjeboartsje
afke lourens op donderdag 16 juli 2009
fernuverje
Rixt op woensdag 19 augustus 2009
Romperke
Behe op dinsdag 15 september 2009
Hjir noch in rychje wurden:
skruten, langstme, smûk, stoareagje, rydboskje, faam, mem,