Frysk fertaalburo foar Fryske fertalingen

Fansels is in fertaalburo foar fertaalwurk fan teksten yn en út it Frysk op alderhande mêd.

Lit Fansels bygelyks jo webside, korrespondinsje, teksten, struibrieven, (berne-)boeken, advertinsjes foar de krante, bertekaartsjes, rou-advertinsjes of -brieven op profesjonele wize fertale yn it Frysk, of út it Frysk yn it Nederlânsk.

Fansels fertaalt net allinne foar it bedriuwslibben, mar ek foar partikulieren. Jo kinne alles oer fertaalburo Fansels lêze op dizze ynternetside, oer de mooglikheden en bygelyks de tariven dy't ik hantearje. Op myn weblog skriuw ik oer myn dwaan en litten en de Fryske taal.

Hawwe jo in opdracht of wolle jo mear witte oer Fansels?
Dan kinne jo gerêst kontakt opnimme.