Nije mooglikheid fan Fansels

23-12-2008 - Fanôf hjoed kinne jo gebrûk meitsje fan in nije mooglikheid dy't Fansels jo oanbiedt. Jo kinne in tekst oant 50 karakters fergees fertale litte.

Om jo yn 'e gelegenheid te stellen om it Frysk mear te brûken yn jo deistige korrespondinsje, biedt Fansels oan om in wurd of koarte tekst fergees foar jo oer te setten. Sa kinne jo tagelyk yn 'e kunde komme mei de fertaaltsjinsten fan Fansels.

It spesjaal hjirta makke formulier kinne jo ynfulje. De tekst sil dan sa gau mooglik foar jo fertaald wurde. Dit mei Nederlânsk-Frysk of Frysk-Nederlânsk wêze. Ek kinne jo in Fryske tekst oanbiede om korrizjearre te wurden.

Foar in fertaling fan mear as 50 karakters kinne jo frijbliuwend, troch middel fan it kontaktformulier of in telefoantsje, in offerte oanfreegje, dy't jo dan yn in sa koart mooglik tiidsbestek oanbean wurde sil.

Ik tink dat ik jo hjirmei noch better fan tsjinst wêze kin en ik hoopje dat jo graach gebrûk meitsje sille fan dizze nije service.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.