Oer Fansels

Fotocollage Fryslân

'Fansels' is Frysk foar 'vanzelfsprekend'. Jo Fryske fertalingen flot fersoarge mei in hege kwaliteit, dat is Fansels!

Fertaalburo Fansels fersoarget de fertaling fan al jo Nederlânsktalige teksten yn it Frysk en sa nedich ek Frysktalige teksten yn it Nederlânsk.

Werom oersette yn it Frysk?

It Frysk, offisjeel de twadde taal fan Nederlân, is in wêzentlik ûnderdiel fan de Fryske identiteit. De mearderheid fan de Friezen kriget de Fryske taal fan hûs út mei. Dêrtroch kinne jo by in soad winkels en bedriuwen as soks winske wurdt yn it Frysk holpen wurde, wat troch minsken dy't harren it maklikst uterje yn it Frysk bewust of ûnbewust tige wurdearre wurdt.

In goede reden om by de skriftlike kommunikaasje oandacht te besteegjen oan it Frysk!

Wat kin ik foar jo dwaan?

It Nederlânsk-Frysk en Frysk-Nederlânsk fertale fan bygelyks:

Ek kinne yn it Frysk skreaune teksten oan Fansels oanbean wurde om korrizjearre te wurden.

Hawwe jo in fertaalopdracht foar Fansels? Nim dan alhiel frijbliuwend kontakt op foar mear ynformaasje.

Nij:

Kom no fergees yn 'e kunde mei de fertaaltsjinsten fan Fansels!
Fergees Frysk fertale litte oant 50 karakters: no oanfreegje