Weblog

In twicht

01-08-2010 - ‘Ta gelegenheid fan de ‘Moanne fan it Fryske Boek’ wurdt der in bysûndere gedichtewedstriid útskreaun. Elkenien dy’t foar 30 septimber 24.00 oere in twicht (in twittergedicht) publisearret op syn of har eigen Twitteraccount docht mei foar de sulveren Twicht, dy’t op 2 oktober yn Drachten útrikt wurdt. De ynhâld, foarm en taalkar binne frij’.

Fia de twitterberjochten fan Omrop Fryslân dy’t ik folgje op Twitter seach ik de boppesteande oprop (sitaat) ta gelegenheid fan de ‘Moanne fan it Fryske Boek’. Hjir kinne jo ek de al pleatste twichten lêze. Klik hjir foar de wiidweidige spulregels foar dizze wedstriid. Op Twitter kinne jo troch #twicht oan te klikken alle berjochten mei in twicht lêze.

Dit is fansels krekt wat foar my. As myn tiid it talit mei ik o sa graach wat piele mei ferhaaltsjes, rymkes en gedichtsjes, wurden en taal. Hjoed haw ik dizze twicht op Twitter set:

it witten ||| de tiden fan in jier | binne as ús libben | ‘k winskje elk wille en tier | ear‘t je ’t witte is ‘t winter. #twicht

Sels fûn ik it it aardichst om binnen de 140 karakters te bliuwen. Yn dit gefal hie ik noch 12 oer. Wol haw ik wat sitten te pielen mei de lay-out. Mei 140 karakters binne der net sa'n hiel soad mooglikheden.

Miskien meitsje ik nóch wol in twicht. Oan 1 oktober ta is der yn elk gefal noch tiid by de rûs.


Lês dizze blog yn it Hollânsk

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: