Fryske advertinsje

Wolle jo jo advertinsjes ekstra opfalle litte? Wêrom dan net yn it Frysk?

Je sjogge hieltyd mear reklame yn it Frysk yn kranten en tydskriften en op 'e radio en televyzje. Fertaalburo Fansels kin jo stypje by it fertalen fan jo advertinsje nei it Frysk of it korrizjearjen fan jo eigen tekst.

Foar in breed publyk

Ut ûndersyk blykt dat 75% fan alle ynwenners fan de provinsje Fryslân it Frysk foldwaande lêze kin. It is net sa dat jo jo mei in Frysktalige advertinsje beheine ta in lyts publyk. In Fryske advertinsje springt der út en komt autentyk en fertroud oer, yn elk gefal foar Friezen mei Frysk as memmetaal.

It Frysk is ek tige geskikt om fakatueres wrâldkundich te meitsjen wêryn't behearsking fan it Frysk in pree is.

Wolle jo mear witte oer Frysktalige advertinsjes en wat Fansels hjirby foar jo dwaan kin? Nim dan ris kontakt op, folslein frijbliuwend fansels.