Kryst- en nijjierswinsken
07-12-2009 - Fansels wol ek dit jier eltsenien in tige noflike krysttiid en een lokkich en foaral sûn nijjier winskje. Ek yn 2010 wol ik graach (wer) jo fertaal- en korreksjewurk fersoargje.
Ek dit jier wol ik eltsenien wer de gelegenheid jaan om kryst- en nijjierspost te ferstjoeren mei in Fryske tekst. Dêrta binne hjirûnder in stikmannich foarbylden te finen:
• Noflike krystdagen en in sûn en lokkich nijjier!
• Goede krystdagen en in sûn 2010!
• Gesellige krystdagen en (in protte) lok en seine yn it nije jier!
Foar in mear persoanlike winsk op jo krystkaart kinne jo my maile. Jo winsk, fan maksimaal 150 karakters, sil dan sa gau mooglik (fergees) oerset wurde. As jo net wis binne fan jo sels skreaune Fryske tekst, dan wol ik dizze ek mei alle wille foar jo korrizjearje.
Lees deze blog in het Nederlands
Reaksjes
Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.
Lit jo reaksje efter
Moaie wurden en sechjes op Twitter:
- In 'preamkeskower' is immen dy't knoffelich reedrydt, benammen mar ien skonk brûkt om ôf te setten. #Frysk #moaiwurd
2 februari 2012 16:59 - In 'klúnhakke' is in minne, knoffelige, bryk streekjende reedrider. #moaiwurd #Frysk
2 februari 2012 16:51
Folgje Fansels op Twitter:
@Fansels
Nederlands
Frysk

