Nuver

24-11-2015 - It lit my net los en as ik der goed oer neitink, is it bysûnder. Ik kin it net litte om te skriuwen wat der barde.

Doe’t ik justermoarn yn ‘e keuken kaam lei de breaplanke noch op it oanrjocht mei bôlekrommen fan it stokbôlesnijen fan de foarige jûn der op: fergetten op te romjen. It hie de nachts wat fêrzen en ik betocht dat ik dy krommen wol foar de fûgels struie koe.
Soks doch ik eins noait, mar as ik it wol doch, dan allinne as it goed friest. Us trije katten binne dan meast binnendoar, dus dan kin it wol.
Doe’t ik de efterdoar iependie, siet der, krekt as wachte er op my, in moaie klyster op it skud tusken ús en de buorlju. Hy fleach net iens fuort, mar bleau parmantich sitten. Ik struide de krommen yn it túntsje en ik wie de doar noch net wer yn, of de klysterkeardel pikte yn ‘e kromkes om.
Ik bleau foar it rút stean te sjen en ek dêr joech er neat om. Doe’t er it measte behimmele hie, seach er my oan en fleach fuort.
It wie krekt as hienen we dit tegearre ôfpraat!

Fan ‘e moarn siet er net op my te wachtsjen.
Ofspraak fergetten?

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: