Earste Fryske twitterdei

18-04-2012 - 19 april sil it wêze, de earste Fryske twitterdei. De tiidline fan @Fansels stiet de hiele wike al fol mei minsken dy't tongersdei yn it Frysk twitterje sille. De 'hekstek' Frysk (#Frysk) is yn de tiid dat ik dit typ al 'trending topic' wurden. Ik bin benijd oft dit moarn ek wrâldwiid it gefal wêze sil. Neffens my hat dat bêst in grutte kâns fan slagjen.

Doe't ik op 3 april 2009 begûn te twitterjen, haw ik der goed oer neitocht oft dat no yn it Frysk of yn it Nederlânsk soe. Omdat ik mei Nederlânske tweets miskien in grutter berik hawwe soe, haw ik wol efkes twifele. Dochs is it Frysk wurden. It stiet my it neist. Ek kin men dan fuort yn 'e kunde komme mei Fansels en Frysk. In inkelde kear wurdt der wolris om in oersetting fan in tweet of in inkeld wurd frege. Ik folgje 424 minsken en ik wurdt folge troch 555. Dit binne fansels net allegearre Friezen.

Troch dizze trije jier hinne bin ik troch Twitter yn 'e kunde kaam mei in protte minsken. Yntusken haw ik guon minsken ek yn it echt moete. Fansels binne de measte fan myn folgers Friezen dy't ek yn Fryslân wenje, mar it hat my bliken dien dat my ek in soad Friezen om utens folgje.

Dy't myn tweets folgje, witte ek dat ik no en dan #moaiwurd en #sechje twitterje. Der komt dan in útlis oer in moai Frysk wurd of in siswize. Mei dizze 'heksteks' komme dizze tweets ek op de webside fan Fansels telâne.

Oer de hiele wrâld binne der minsken dy't it bysûnder fine om no en dan Frysk te lêzen en troch Fryske tweets bûn te wêzen oan it Heitelân. Wol gauris krij ik in tweet dat men bliid is mei myn Fryske tweets.

Ik hoopje dat ik noch lang twitterje kin en dat der geandewei mear Friezen yn harren memmetaal twitterje sille. It mei dan moarn 'de earste Fryske twitterdei' wêze, mar foar my is it, in dikke 22.700 Fryske tweets fierder:

de 1.113de!

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.