Weblog
Nasjonale Gedichtedei 2012
29-01-2012 - Tongersdei 26 jannewaris wie it Gedichtedei. Rûnom yn it lân en fansels ek yn ús provinsje wie der oandacht foar dizze dei, ûnder oare yn Snits: de Grutte Gedichtejûn.
Ik haw in oantal koarte gedichtjes en in tal #twichten foardroegen. Moai om te dwaan, mar foar in earste kear ek wol tige spannend sa efter in mikrofoan.
Ien fan myn koarte gedichten:
Plak by de rûs
Mei ik sjonge yn dyn hert?Of kinst dêr noch net oer?
Mei ik wenje yn dyn hert?
Of makket dy dat oerstjoer?
Mei ik dûnsje yn dyn hert?
Der is plak by de rûs!
Mei 'k miskien libje yn dyn hert...?
Och... dan kom ik inkeld mar útfanhûs...
De folgjende #twicht haw ik ûnder oare foarlêzen:
Langst nei de maitiid,
ferpakt yn tinze,
ferleit al myn grinzen.
De winter is fertige,
ik sil der net om lige:
It makket my bliid..!
Takom jier sil der wer in Grutte Gedichtejûn wêze, men wol der in tradysje fan meitsje. Oft ik dan wer meidwaan sil, wit ik no noch net. As ik wat aardichs makke haw, doch ik seker mei. Ik piel mar stil wat troch. Wêr't ik wol wis fan bin, is dat ik der hinne gean. Sa'n moaie jûn sil myn noas net foarby gean. Eins bedoel ik dan ek eagen en earen fansels.
Lees deze blog in het Nederlands
Reaksjes
Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.
Lit jo reaksje efter
Moaie wurden en sechjes op Twitter:
- In 'preamkeskower' is immen dy't knoffelich reedrydt, benammen mar ien skonk brûkt om ôf te setten. #Frysk #moaiwurd
2 februari 2012 16:59 - In 'klúnhakke' is in minne, knoffelige, bryk streekjende reedrider. #moaiwurd #Frysk
2 februari 2012 16:51
Folgje Fansels op Twitter:
@Fansels
Nederlands
Frysk

