Fansels 7 jier!

26-08-2015 - 26 augustus is it in 7 jier lyn dat Fansels úteinset is. Dit is in moai momint om inkelde opmerklike saken fan de ôfrûne jierren ris te besjen.

Yn 2008 bin ik mei Fansels begûn. Earst mei in webside fan ien side, mar yn oktober fan dat jier hat soan Sint fan Smeding Concepts in gruttere webside makke mei mear mooglikheden, sa’t jimme lêze kinne op it weblog fan de dei dat Fansels 1 jier bestie. Op 7 oktober 2008 skreau ik myn earste weblog. Spitigernoch haw ik de lêste jierren net folhâlde kind om regelmjitttich wat te skriuwen. Allerhande healwize persoanlike drokten wiene dêr de reden fan. In aardich drokke baan, in ferhûzing, eins twa want we moasten nei in healjier ek noch werom nei ús renovearre hûs, it nedige kerweikjen doe 't we wer teplak wiene, it opnij oanlizzen fan ús tún en alles wat dêr fierder by kaam te sjen. Ek bin ik offisjeel skoanmem wurden en dêrnei ek noch beppe. Yntusken is der gelokkich wer romte en tiid kaam foar hjir en dêr in ferhaal, gedicht en songtekst.

It oersetwurk gong fansels gewoan troch, ek it fergese oant 50 karakters. Minsken stjoere elkoar berjochtsjes en winsken en dan it leafst yn 't Frysk, sa docht hieltyd wer bliken. No en dan kamen ek hiele drôve teksten foarby. It jout wol oan dat ús memmetaal de foarkar kriget as der wat bysûnders is.

In tige nuveraardige reaksje, nei oanlieding fan de mooglikheid fan fergees oersetten, wie ien fan in brêgeklassefamke dat fûn dat ik har hûswurk foar it fak Frysk wol meitsje koe. Ik krige in hiele rige mails mei fersiken om oer te setten fan har. Doe't ik har witte liet dat ik dêr net oan begjinne koe, wie se poerrazend. Se skold my, per mail, de hûd fol. Se koe de wurden wol fine, dêr wie gjin wurd Frysk by..

Ek wie der in fersyk fan immen om in lape tekst oer te setten. Doe't ik myn priis dêrfoar opjoech, krige ik in lilke mail werom dat it foar my dochs hiel maklik wie om oer te setten en dat it dêrom fierstente djoer wie. Hy hie der gjin jild foar oer en fûn dat ik it wol fergees dwaan koe.. In bakker fynt bôle bakken ek net echt dreech, mar dochs moat dy ek betelle wurde..

De sprekwurden waarden ek alle wiken gewoan ferstjoerd. No en dan kamen der tige aardige reaksjes op. It tal adressen fan minsken dy't elke freedtemiddei in sprekwurd yn 'e mail kriget is yntusken groeid oant 340.

Al goed 6 jier bin ik te finen op Twitter. Ik twitterje eins altyd yn 't Frysk. No en dan neam ik yn in tweet mei de hekstek #moaiwurd in moai wurd, mei de útlis fan dat wurd. Foar de hashtag #sechje jildt itselde, hjirmei komme sprekwurden oan bar.
Ek bin ik elk jier oan it twichtsjen west. Yn 2011 resultearre dat yn it winnen fan de Fryske twicht.

Sân jier binne omflein. Guon minsken rekkenje yn tiidrekken fan 7 jier, lit my dat ek mar dwaan. Ik bin hiel benijd wat de kommende 7 jier bringe sille. Wurde it 7 fette of krekt meagere jierren? De tiid sil it leare..

Fansels sil yn elk gefal foar elkenien klearstean bliuwe foar oersetwurk en it neisjen fan tekst. As der minsken binne dy’t datoangeande noch suggestjes hawwe, dan stean ik dêr iepen foar, fansels!
Foar alle aardige en positive reaksjes dy't ik yn de ôfrûne jierren krigen haw, wol ik jimme hertlik betankje.

Wopkje de Jong

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Sjoukje op woensdag 26 augustus 2015
In prachtig stikje Wopkje. Dit is dy mei de breileppel ynjitten. Flaterfrij sil dit stikje net wêze.

Wopkje de Jong op vrijdag 28 augustus 2015
Tankewol Sjoukje!
Mei dy flaters falt it wol wát ta.
Oant sjen!
W.