Nasjonale Gedichtedei 2012

29-01-2012 - Tongersdei 26 jannewaris wie it Gedichtedei. Rûnom yn it lân en fansels ek yn ús provinsje wie der oandacht foar dizze dei, ûnder oare yn Snits: de Grutte Gedichtejûn.

Der wie in flinke opkomst op de troch Ensafh organisearre Grutte Gedichtejûn fan sawol foardragers as publyk yn feemerkkafee Vellinga yn Snits. Omdat ik graach en faak wat ompiel mei tekst, rymkes, gedichtsjes en #twichten, hie ik my ek opjûn foar dizze jûn. Der wiene in fyftichtal dielnimmers dy't harren wurk, of dat fan in oar, nei foaren brocht. Allerhande dichtfoarmen kamen foarby yn krekt safolle manieren fan nei foaren bringen. Genietsje oan alle kanten fan keunstige wurken yn prachtige folsinnen yn ferskate skakearingen en klanken. It gehiel waard oan elkoar praat troch Piter Boersma. Foar, tusken en nei de foardrachten wiene der optredens fan it duo 'de Hoed en de Rand' mei gedichten op muzyk. Troch SneekTV waard in reportaazje makke.
Ik haw in oantal koarte gedichtjes en in tal #twichten foardroegen. Moai om te dwaan, mar foar in earste kear ek wol tige spannend sa efter in mikrofoan.

Ien fan myn koarte gedichten:

Plak by de rûs

Mei ik sjonge yn dyn hert?
Of kinst dêr noch net oer?
Mei ik wenje yn dyn hert?
Of makket dy dat oerstjoer?
Mei ik dûnsje yn dyn hert?
Der is plak by de rûs!
Mei 'k miskien libje yn dyn hert...?

Och... dan kom ik inkeld wolris útfanhûs...

De folgjende #twicht haw ik ûnder oare foarlêzen:

Langst nei de maitiid,
ferpakt yn tinze,
ferleit al myn grinzen.
De winter is fertige,
ik sil der net om lige:
It makket my bliid..!

Takom jier sil der wer in Grutte Gedichtejûn wêze, men wol der in tradysje fan meitsje. Oft ik dan wer meidwaan sil, wit ik no noch net. As ik wat aardichs makke haw, doch ik seker mei. Ik piel mar stil wat troch. Wêr't ik wol wis fan bin, is dat ik der hinne gean. Sa'n moaie jûn sil myn noas net foarby gean. Eins bedoel ik dan ek eagen en earen fansels. 

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.