Meartalichheid

14-08-2009 - In skoft lyn skreau ik yn it weblog fan Fansels oer de foardielen fan twatalichheid. Yn in tydskrift lies ik hjiroer it ûndersteande artikel.

Wylst ik yn myn fakânsje lekker lêzend oan it wetter siet, trof ik it folgjende artikel oan yn in tydskrift (Psychologie magazine, maart 2009). Ik fûn it sa yntressant dat ik it graach mei jo diele wol.

'Meartalich bern kin him better ynlibje.

Piet leit in reep sûkelade yn it rjochter keukenkastje en giet nei bûten te boartsjen. Wylst er fuort is, jout syn mem de reep in oar plak. Hja leit it yn it linker keukenkastje. Wêr siket Piet syn sûkelade as er weromkomt?
Bern dy't twatalich opbrocht binne, binne bysûnder goed yn soksoarte fan riedseltjes, blykt út in Italiaansk ûndersyk. Begjinne de measte 'gewoane' bern sa rûn harren fjirde te begripen dat Piet siket op it plak wêr't de sûkelade net mear leit. By twatalige bern is dat al mei trije jier it gefal. Twatalige bern binne oefene yn sitewaasjes wêryn de iene wat wol ferstiet en de oare net, leit de ûndersykster út. Hja binne dus wend om sitewaasjes fanút ferskate perspektiven te besjen'.

In opmerklik artikel. Goed beskoud rikt twatalichheid noch fierder dan allinne kommunikaasje. Hjirút blykt dat meartalige bern gewoan kreativer binne yn it betinken fan oplossingen!

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: