Twatalichheid

15-06-2009 - As yn in (oansteand, jong) gesin ien fan de âlders in oare taal praat, is der faak twivel oer yn hokker taal de bern op te fieden. By de kombinaasje Frysk-Nederlânsk wurdt der al gau keazen foar it Nederlânsk. Der binne in oantal goede redenen om dêr noch ris goed oer nei te tinken.

As der yn in gesin allinne Frysk sprutsen wurdt, is der gjin inkelde reden om it bern yn in oare taal op te fieden. It Nederlânsk leart it bern maklik fan de televyzje, yn 'e buert, by famylje en op skoalle.

Praat der yn in gesin ien âlder in oare taal, dan binne der in oantal goede redenen foar it meartalich opbringen fan it bern. It bern hat absolút in streekje foar as it mear talen prate kin.

Ik tink dat it yn it foarste plak tige wichtich is foar jo sels, dat jo prate yn de taal, wêryn't jo je it maklikste uterje kinne. It bern sil de waarmte, de echtens en de feiligens dy't dêr fan út giet, miskien net bewust, mar altyd ûnbewust, meikrije.

Bern leare tige maklik in taal oan. Hja absorbearje om sa te sizzen in taal en sille ek tige maklik twa talen ôfwikselje. Op skoalle binne twatalige bern folle 'liniger mei taal'. Hja hawwe in foarsprong mei it learen fan rekkenjen en taal. Hja skoare op lettere leeftiid yn trochsneed better op harren eksamens. Yn in wurksitewaasje is it handich om twatalich te wêzen. Je fine folle makliker in baan. Ek yn it maatskiplik libben iepenet twatalichheid doarren. Twatalige minsken meitsje makliker freonen. Yn 'e hiele wrâld wenje in soad twatalige minsken. As je ien kear twa talen kenne, leare je der maklik in taal by.

Talen sitte fol ferhalen, ferskes, kultuer, skiednis en plezier. Jo bern sil it allegearre meikrije en dêr syn hiele libben wille fan hawwe.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Sint Smeding op donderdag 18 juni 2009 om 11:35
Helemaal mee eens! Als je bent opgevoed met twee talen is het ook makkelijker om een derde, vierde etc. aan te leren.
Ondanks dat het soms lijkt alsof tegenwoordig Engels en niet het Fries de tweede taal van ons land is, heb ik veel klanten die het erg waarderen dat ze in het Fries kunnen communiceren, zeker als het aankomt op een ingewikkeld vakgebied waar ze zelf niet dagelijks mee bezig zijn. Je kunt het proberen te ontkennen, maar het Fries is in Friesland springlevend!

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: