Sinteklaas

27-11-2008 - Op skoalle is it no tige drok. Der is fan alles te dwaan om Sinteklaas hinne fansels. De bern binne ek drok en elts jier wer fernuverje ik my oer bern, ferbyldingskrêft en Sinteklaas.

De juf spilet dat hja Sinteklaas is, de bern kinne har belje. Dat bart sa no en dan. In jonkje út myn klasse bellet en der ûntstiet in aardich petear.

“Hoe giet it mei dy, Jan” freget de juf dy't Sinteklaas spilet.

“Goed hear”, seit Jan.

“Thús ek alles goed?” freget ‘Sinteklaas’.

“Ja, hear. Bêst”, seit Jan.

Jan syn heit is boer. Jan fertelt dat de nije stâl klear is en dat de mannen ek al mei de nije silo oan ‘e gong binne. It wurdt al echt moai en it sjit al aardich op.

“O, seit ‘Sinteklaas’, dan mei ‘k wol hast komme te sjen, seker?”

“Ja”, seit Jan, “dat kin bêst, mar dan moatst de learzens wol oandwaan, want it is by ús allegearre drek en stront om ‘e doar”.

De folgjende anekdoate is ek tige aardich:

Sinteklaas hat by ús yn ‘e klasse yn ‘e poppehoeke syn paleis. Yn dat paleis stiet in bêd, in noflike stoel, in telefoan en in tafel wêr't pakjes ynpakt wurde kinne. Yn in koer sitte in protte lege doaskes en der is pakpapier. Der kin omraak ynpakt wurde fansels.

As der pakjes ynpakt binne, wurde se letter útdield yn ‘e klasse. In jonkje krijt in pakje en pakt it út. De juf seit: “Wat sit der yn, Harm?” Harm seit dat der technysk Lego ynsit. Hy swaait bliid mei de lege Brintadoaze. “O, moai”, seit juf. “Do bist der wol bliid mei, sjoch ik wol”.

“Ja, echt bliid”, seit Harm. “Mar der is in probleem, ik kin it net allinne yn elkoar sette, dêr moat ús heit my by helpe. Mei ik dizze Lego wol meinimme nei hûs? Dan kin ús heit my moai helpe.”

Fansels mei Harm dy ‘Lego’ wol mei hawwe nei hûs. Sadwaande stapt Harm om tolve oere bliid nei syn mem. Hy hat syn tas yn ‘e iene en de lege Brintadoaze yn 'e oare hân...


Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: