It giet net troch...

12-06-2009 - Yn myn foarige blog hie ik heal en heal beloofd dat ik in yn it Frysk oerset liet pleatse soe. Ik woe dit net dwaan sûnder kabaretier X. tastimming te freegjen. As je immen wat freegje, kin it antwurd 'ja' én 'nee' wêze. Yn dit gefal wie it 'nee'.

Fia syn ympressariaat hie ik in aardich mailtsje stjoerd oan kabaretier X. mei yn de bylage myn Fryske tekst. Justerjûn krige it folgjende mailtsje werom:

Beste Wopkje,

Ik heb je bericht doorgezonden aan cabaretier X. (hij woont in Spanje), maar hij heeft er niet positief op gereageerd. Jammer voor je, maar hij heeft duidelijk niets met het Fries. Het lijkt me verstandig de tekst niet te plaatsen op je weblog.

Met vriendelijke groet,

T.

Graach hie ik syn liet yn it Frysk pleatst, mar ik sjoch der no mar fanôf. Eins begryp ik net sa goed wêrom kabaretier X. ôfwizend reagearret. Wêr is hy bang foar? Wat hat er te duchtsjen? Dat ik oer syn rêch smoarryk wurde sil? Dat myn Fryske tekst stikken better is dan syn Nederlânske? Ik wit it net...

Foar my hawwe syn teksten oan glâns ferlern. Ik twifelje eins ek in bytsje oan syn gefoel foar humor.

Hat immen noch in suggestje foar in oare tekst?

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.