Peaske-aaien

14-04-2009 - Elk jier fervje wy, dat binne myn dochter, ús mem en ik, Peaske-aaien. Dit jier hawwe wy bûten sitten en dat hat yn jierren net kind.

It is elk jier wer in tige nijsgjirrich barren om mei de Peaske aaien te fervjen. We dogge dat elk jier mei in protte nocht. Wy binne der net echt betûft yn, mar it giet ús om de gesellichheid en de wille fan it fervjen.

Rixt is no tsien jier en wie dit jier tige kritysk op har aaien. Foarhinne wie it sa dat hja alles fervje koe en mei in soad bravoer it iene aai nei it oare prachtich opskildere. It is fansels de leeftiid dy't dat ûnbefongene wat nei de eftergrûn triuwt. It resultaat fan har aaien wie dan ek tige by tige. Hja makke in ierdbei en in blom.

Us mem wol elk jier prachtich skilderje, mar komt meastentiids op healwei ta de konklúzje dat hja der, neffens harsels, net folle fan bakt. Har aaien wiene dochs ek dit jier wer prachtich. Hja fervet mei ynmoed. De tonge kipet har no en dan in bytsje út 'e mûle. Ik moat sizze: ik doch it der foar as ik noch sa 'n fêste hân haw as ik 86 bin!

Myn aaien binne dizze kear wol aardich goed slagge. It kiezen fan in ûnderwerp is altyd wat dreech. Wat kin wol, wat net. Dit jier haw ik ek in Frysk aai makke. Dit is it resultaat.




Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.