Aasykjen ôfrûn

23-03-2009 - De aaisikerstiid fan 2009 is ôfrûn. Sneintemoarn binne aaisikers troch in sms op 'e hichte brocht dat der gjin aaien mear socht wurde meie.

It aaisykjen sit der foar dit seizoen wer op. Sneintemoarn is de aaisikers troch in sms ferteld dat hja gjin ljipaaien mear sykje meie. De limyt fan 6.431 is berikt. Sneon wie mei 1400 fûne ljipaaien in topdei. It seizoen hat in lytse twa wike duorre.

It nije registraasjesysteem dat nedich wie om de tradysje fuort te setten hat der yn resultearre dat de aaisikerstiid njoggen dagen koarter wie dan yn it ferline. No brekt de tiid fan neisoarch oan foar de fûgelleafhawwers.

Flylân is de iennige Fryske gemeente wêr't gjin ljipaai fûn is. Al trije jier is der net ien eilânbewenner mear dy't aaisocht hat. De lêste aaisiker fan it eilân hat, yn ferbân mei alle regels wêr't oan foldien wurde moat, gjin nocht mear oan aaisykjen. Boargemaster Baukje Galema hat as ienige Fryske boargemaster gjin earste aai yn ûntfangst nimme kind. Hja hat yn har hiele karriêre as boargemaster noch gjin aai oanbean krigen.

Klik hjir foar it oersjoch fan earste ljipaaien de gemeente.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: