Reflektearjende pealtsjes

14-03-2009 - Oan de autowei A31 wurdt in nij soart reflektors pleatst dat der foar soargje moat dat reeën ôfskrikt wurde. De reeën binne wend oan de âlde wyldreflektors en skrikke dêr net mear fan.

De reflektearjende pealtsjes mei mûntsjes moatte der foar soargje dat der minder wyld oanriden wurdt. Dit soart pealtsjes wurdt no ek yn Fryslân pleatst, nammentlik oan de A31 by Mullum. It is earst in proef. As nei in jier blykt dat der minder reeën oanriden binne, wurde dizze pealtsje ek op oare plakken yn 'e provinsje tapast.

Doe't wy yn febrewaris yn Seelân op fakânsje wienen, seagen wy yn 'e omkriten fan Sieriksee ek sokke pealtsjes. Wy fregen ús ôf wêr 't se foar wienen. Wy tochten al dat it foar it ôfskrikken fan bisten wie of sa. We hawwe se allinne sjoen yn 'e omkriten fan Sieriksee. Miskien dat it dêr ek om in proef giet?

No't yn Fryslân ek sokke pealtsjes brûkt wurde sille, like it my aardich om dizze foto te pleatsen.



Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Sint Smeding op maandag 16 maart 2009
Zo dicht bij zee zullen die molentjes wel willen draaien, er staan al volop molens van een andere soort bij Midlum.

Je zou trouwens zeggen dat er wel plaatsen in de provincie zijn waar meer reeën te vinden zijn en waar deze paaltjes harder nodig zijn. Maar als ze werken zullen we ze vast gauw meer tegenkomen!