Falentyn

12-02-2009 - Sûnt ûngefear midden jierren njoggentich is it fieren fan Falentynsdei oerwaaid út Amearika. It is de dei dat minsken dy 't elkoar leafhawwe elkoar ekstra oandacht jouwe yn 'e foarm fan kadootsjes, blommen en boeken.

Fansels is Falentynsdei ek de dei by útstek om in kaart te stjoeren. As jo jo leafste in Falentynskaart stjoere wolle mei in Fryske tekst, binne jo by Fansels oan it goede adres.

Teksten binne fansels tige persoanlik. Foar in persoanlike winsk op jo Falentynskaart kinne jo my maile. Jo tekst sil dan sa gau mooglik (fergees) fertaald of korrizjearre wurde.

In pear foarbylden fan in Fryske tekst binne:

Leafste, ik hâld fan dy

Do bist in fantastyske frou/man

In dikke tút fan dyn Falentyn

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: