Rie te'n ein, Carry Slee (Radeloos)

10-10-2008 - As der ynienen wat ferskrikliks bart mei syn heit, stiet Paco syn libben op 'e kop. Foaral omdat er tinkt dat it syn skuld is.

Paco kreweiket net mear oan syn bus, hy is gjin dj mear en syn freondinne Floor makket it út. Sels de webside dy't er tegearre mei syn freon makket, kin him neat mear skele. Hy kriget geandewei mear skuldgefoel en allinne troch in pear bierkes ken er it efkes ferjitte. Hjirtroch rekket er krekt sa yn 'e swierrichheden as syn klasgenoate Yara. Sy besiket hieltyd tinner te wurden om har ûnwissens te ferbergjen. Dêryn giet se úteinlik sa fier dat hja gjin útwei mear sjocht... Kinne Paco en Yara inoar helpe?

Hoe soe it wêze asto/as jo (of jo (berns-)bern) dit bekroande berneboek yn it Frysk lêze kinne soe? Boeken komme yn jo memmetaal noch mear ta libben en sprekke noch better ta de ferbylding.

Eins bin ik wol benijd oft dit boek (leeftyd 13+) yn it Frysk krekt sa spannend is as de koarte omskriuwing fermoedzje lit. Ek bin ik tige benijd hoe't jo hjiroer tinke.


Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Erik Tjallinks op dinsdag 14 oktober 2008
Ik ha Frysk leart oan de Afûk en bin tige wiis dat ik it no lêze kin, en ek in bytsje skriuwe. D'r soe folle mear fan it NL yn 't Frysk fertale wurde moatte as oarsom. Myn soan krijt no ek Frysk op de basisskoalle, mar hy hat net folle nocht d'r mei. Yn Hurdegaryp, dat dochs in echt Frysk doarp is, wurd troch de bern altiden mear Hollandsk sprutsen, mear as har âlden dwaan. Hja ferstiet it wol, mar jout gjin energy yn it Frysk learen, hy makket mei wat er yn in oertsje of twa dwaan moat en dat is 't. Frysk is net "cool"., en doar moat eins feroaring yn komme.

Wat in moaie webside! Effektyf en ienfâldich, sûnder oerstallige toeters en skillen :). No wit ik ek wat Sint docht at-er it oer "myn bedriuw" praat op syn fotoblog.

Groetnis en oant sjen!

Erik.

jan op donderdag 16 oktober 2008
Ha die Wopkje ;
Ik heb het gezien wel leuk zo een vertaal site voor het fries veel succes daar mee.
Met een vriendelijke groet Jan

femke wijnstra op maandag 20 oktober 2008
Hoi Wopkje,

de site is erg mooi geworden, en wat ik eerder las, fijn dat hij overzichtelijk en eenvoudig is. Dat past ook bij jou! Ik wens je veel vertaalsucces!

Oan't sjen, Femke.