Bertekaartsjes

Krekt by in tige persoanlik barren as de berte fan in lytse poppe is it foar in hiel soad Friezen weardefol om in Frysk kaartsje te ferstjoeren. Neist de namme en in tekst stiet op sa'n kaartsje faak in gedichtsje of in winsk.

By Fansels binne yntusken in soad gedichtsjes oerset yn it Frysk. It fertalen fan in rymjend Nederlânsk gedichtsje kin lestich wêze, omdat by it oersetten de rym meastal ferlern giet.
It is oan no ta slagge, yn guon gefallen yn oerlis mei de (oansteande) âlden, te kommen ta in moaie Fryske oersetting.
Faak bliek ek dat allinne it neisjen fan in tekst foar de âlden al in hiele gerêststellng wie. By sa'n wichtich barren is it dochs wol tige weardefol dat de tekst flaterfrij is.

Kieze jo foar it oersetten of korrizjearjen fan in persoanlike tekst? Foar it oanfreegjen fan ynformaasje of in frijbliuwende offerte kinne jo Fansels maile.