Sollisitearje

As jo sollisitearje is it fan it grutste belang dat jo flaterfrij skriuwe. Wat as it in Fryske fakatuere oanbelanget by in bedriuw wêr't Frysk fiertaal is en in meiwurker frege wurdt dy't út 'e fuotten kin mei it brûken fan it Nederlânsk én it Frysk? Mei in Fryske sollisitaasjebrief, of miskien wol in twatalige, sille jo der wis en seker útspringe.

As jo de sneonskrante neirinne, kom jo hieltyd faker advertinsjes tsjin foar banen by bedriuwen dêr't it Frysk in wichtich plak ynnimt. Om op sa'n faak ek noch yn it Frysk stelde advertinsje te reagearjen, leit it neffens my tige foar de hân om dit ek yn it Frysk, of sels twatalich, te dwaan. Jo falle tige yn jo foardiel op mei in sollisitaasjebrief yn it Frysk. Krekt itselde jildt foar jo CV.

Fertrouwe jo net al te bot op jo eigen flaterfrije Frysk, dan kin Fansels jo út 'e brân helpe. Mei it korrizjearjen, of miskien oersetten, fan sollisitaasjebrieven hat Fansels goede ûnderfinings. Jo kinne frijbliuwend kontakt opnimme mei Fansels.