Winsken

10-12-2010 - De tiid hâldt gjin skoft: Kryst en âld en nij steane al wer foar de doar. Krekt as elk jier wol Fansels jo wer de gelegenheid jaan om jo kryst- en nijjierspost te ferstjoeren mei in Fryske tekst. In stikmannich foarbylden steane hjirûnder.

•    Noflike krystdagen en in sûn en lokkich nijjier!

•    Goede krystdagen en in sûn 2011!

•    Gesellige krystdagen en (in protte) lok en seine yn it nije jier!

In mear persoanlike winsk op jo krystkaart kinne jo my maile. Jo winsk, fan maksimaal 200 karakters, sil dan sa gau mooglik (fergees) oerset wurde.

As jo sels in Fryske tekst skreaun hawwe en jo binne der net alhiel wis fan oft dy flaterfrij is, dan korrizjearje ik dy mei alle wille foar jo.


Fansels winsket jo in tige noflike krysttiid en in lokkich en foaral sûn nijjier. Ek yn 2011 stiet Fansels wer klear om jo fertaal- en korreksjewurk te fersoargjen.

Wopkje de Jong


 

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.