Hoe roppe jo in ......?

21-04-2010 - Yn dizze tiid fan yntinsive feehâlderij, grutte stâlen en in hiel soad fee, is it fansels allegearre oars wurden. Dochs fyn ik it aardich om in blogje te skriuwen oer ropwurden foar dieren. Bisten mei in namme wurde dêrmei roppen, mar de einen, de hinnen?

In skoft lyn stie ik mei myn dochter fan alve de einen te fuorjen. Ik rôp 'hysp, hysp, hysp'. Wy prate Frysk mei elkoar (fansels). Myn dochter seach my mei grutte eagen oan. Wy fuorje net sa faak eintsjes. Hja hie noch nea heard dat minsken einen op dy manier roppe. Ik tink dat nei ferrin fan tiid der noch mar in bytsje minsken wêze sille dy't dizze wurden kenne sille. Dochs is (of wie?) it hiel gebrûklik dat je bisten sûnder in namme op in beskate manier rôpen.

Nei oanlieding hjirfan haw ik dit ris wat neipluze. Yn it Frysk wist ik eins bêst wol in protte fan dizze ropwurden, mar sokke wurden rôp ik nea yn 't Nederlânsk. Op ynternet is hjir net in soad oer skreaun. Dizze ropwurden binne neffens my ek tige streekbûn.

'Hoe roept de boer het vee? De eenden met piele-piele-piele-piele, de jonge kippetjes met tik-tik-tik-tik-tikketikketik. Het roepwoord wordt, zoals u ziet, meest viermaal herhaald. Dit geldt ook voor het roepen aan de kippen: tuut; aan de jonge katjes: pie; het roepwoord voor oudere katten is poes; voor de geit: sik; voor de jonge schaapjes: suuk; voor jonge kalveren: kies; voor het veulen: siesken; voor de koe: hooi. Biggetjes roept men door een smakkend geluid met de tongpunt die articuleert tegen het gehemelte'.

Dit wie sawat it iennige wat ik fine koe oer dit ûnderwerp op ynternet.

Ropwurden foar in:

Baarch: huorre, kuos

Ein: hysp, hisp, húsp, syp

– einepyk: poele

Hin: tjûk, tjoets, tsjoe, tsjoei

Kanarje: pyt, piit

Ko: tuike, tuitsje, tuke, tûke

- keal: joei, jú, jút, tjú, tjút, toai, toei, toek, tsjit, tú, tút, tui, tuike, tuitsje, tûke, tukeman, ude

Hynder: hâns, hap, hop, poai

– fôle: han, hanke, hanne, poai

Poes, kat: poeis, poeke, poete, poes, tyb, tiete

Skiep: bê, syp, sjiep, sjyp, sjip, sjúp

– laam: tei, teike

Geit: sik

Ik soe it tige op priis stelle dat jo dizze list oanfolje soenen, sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Jo kinne hjirta jo berjochtsje by de reaksjes efterlitte. Tige tank yn 't foar.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Bauke op woensdag 2 juni 2010
Dat hysp roppen tsjin einen is om't it lûd liket op dat fan in lyts einepykje dat siket om syn mem. Jerken sille dan ek net op dat lûd ôfkomme.

Folkert op woensdag 22 december 2010
Wat yn grappig stikje oer it roppen fan'e bisten. Ik haw suver glimkje by it lezen. Ik wit nog út de tiid by de boer dat ik moarns foar molkerstiid yn 't fjild rûn en rôp fan "Kois, kois, kois, kois". En ja, flouwer kear efter mekoar. Mei katten, brûk ik nog altiid "Poeke" of as it unmisknber yn Boarre is "Boarre, Boarre, Boarre. Boarre". En foar my is eltse hûn hwer dat ik de namme net fân kin, yn "Beike". Sels omútens en in it bûtenlân harkje se dernei!

Wopkje de Jong, Fansels op donderdag 23 december 2010
Betanke, Folkert, foar de tige aardige reaksje. We hâlde it op dizze wize roppen fan bisten deryn, hen?
Groetnis,
Wopkje

Grytsje op maandag 14 januari 2019
At ús heit de skiep rôp, dan wie dat mei 'hokkey'/'hokky'. Ik sil him yn koarten ris freegje, of't er wit wêr't dat wei komt.
Prachtstikje trouwens, dit. Weardefol en fermakelik tagelyk. As friezen om utens, sille wij hjir ús poezen net gau mei 'tiete' roppe :). Tankewol Wopkje!

Wopkje de Jong op vrijdag 18 januari 2019
Tankewol Grytsje, foar dyn reaksje.
'Tiete' roppe oan 'e kat fyn ik ek nuver.
(Wol is it mei in brutsen 'ie'-klank (krekt as yn 'skiep'), mar dan noch...).
Graach dien!