Skûtsjesilen is myn nocht...

18-07-2009 - Elke Fries hat dit sankje grif wolris heard. Hjoed is it wer begûn: it skûtsjesilen fan de SKS (Sintrale Kommisje Skûtsjesilen). Elk jier soargje dizze wedstriden tusken fjirttjin skûtsjes wer foar in spannende striid en prachtige bylden.

Yn Grou is hjoed, yn waarsomstannichheden mei buien en in hurde fleagerige wyn, de striid begûn. It Grouster skûtsje nimt nei it tredde foardewynse rak de lieding. It is in tige spannende wedstriid, weryn't de kraanline fan it Hearrenfeanster skûtsje nei in klapgyp yn 'e tiis rekket mei it túch fan it Jouster skûtsje. Hearrenfean moat de wedstriid dêrtroch earder ferlitte. Yn 'e lêste rûnte slacht it skûtsje fan 'e Súdwesthoeke yn in tige ûngeunstige wynpûst om. Grou wint dizze wedstriid op eigen wetter. De skûtsjes fan Snits en De Lemmer einigje as twadde en tredde.

Dit is yn it koart it ferslach fan 'e wedstriid. Wolle jo wiidweidige ferslaggen fan 'e wedstriden? Jo kinne se folgje op ynternet en fansels docht Omrop Fryslân radio op 92.2  FM elke middei live ferslach. Ek Omrop Fryslân televyzje docht elke jûn wiidweidich ferslach fan it skûtsjesilen.

Fansels kinne jo der ek foar kieze om sels nei it skûtsjesilen ta te gean. It wedstriidskema folget hjirûnder. Alle wedstriden begjinne om 14.00 oere. Fan it wedstriidwetter ôf wurdt taljochting jûn oer it ferrin fan de wedstriden.


De dei, datum, plak en wêr't de wedstriid it bêste te folgjen is:

Moandei 20-07-2009: De Feanhoop - by Iesicht
Tiisdei 21-07-2009: Earnewâld – by de Sânige Mar
Woansdei 22-07-2009: Terherne -  fan de pier ôf
Tongersdei 23-07-2009: Langwar – fan it strân ôf fan it doarp
Sneon 25-07-2009: Starum – fan de Iselmardyk ôf
Moandei 27-07-2009: Wâldsein – fan de Yndyk ôf
Tiisdei 28-07-2009: Ealahuzen – lâns de wâl foar it doarp
Woansdei 29-07-2009: De Lemmer – fan de pier ôf by it strân
Tongersdei 30-07-2009: De Lemmer – fan de pier ôf by it strân
Freed 31-07-2009: Snits – fan it starteilân ôf

Mei nocht sil ik it skûtsjesilen folgje en ik hoopje dat ek jo der, op hokker wize dan ek, fan genietsje sille.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Bauke op zaterdag 18 juli 2009
Klik op linkje by myn namme foar foto's fan de wedstriid op
Grou

Fansels op zondag 19 juli 2009
Tige tank, Bauke!

Peter op woensdag 29 juli 2009
Dat Fries blijft een mooie taal