It Frysk Folksliet

06-04-2009 - It Frysk Folksliet kinne wy by ferskate eveneminten en festiviteiten yn Fryslân hearre. Fryslân wie de earste provinsje mei in eigen folksliet en it liet hat sels in semi-offisjele status. It klinkt bygelyks foarôfgeand oan eltse fuotbalwedstriid fan 'it Hearrenfean'. Ek wurdt it faak songen ta beslút fan in útfiering fan sang, musyk of toniel.

It liet 'de âlde Friezen' is skreaun troch dokter-skriuwer Eeltsje Halbertsma út Grou. Yn 1829 ferskynde de tekst fan dit liet foar it earst yn 'de Lapekoer fan Gabe Skroar', in boekje mei gedichten en proaza. Yn 1875 waard it foar it earst songen op de wize fan it Dútske liet ' Vom hoh'n Olymp herab' fan Heinrich Schnoor, by de betinking fan Eeltsje Halbertsma.

Mei op oantrunen fan Piter Jelles Troelstra waard dit liet yn dat jier it Frysk Folksliet. De ferkoarte bewurking fan Jacobus van Loon út 1876 wurdt hjoeddedei noch altyd brûkt.

Hjirûnder folget de folsleine tekst.


It Frysk Folksliet

Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d' ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.

Refrein:
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
Oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,
Dy't Friezen oan har lân ferbûn.

Refrein

Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare,
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
En twang, fan wa ek, stie it tsjin.

Refrein

Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in krêftich bloeiend leat!

Refrein 

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Klaas Bergsma op zondag 19 november 2017
Geweldig mooi

P.M. Pieterse op zondag 24 december 2017
Goedemorgen lezer, mijn bijdrage is niet direct een recensie op het volkslied. Ik ben op zoek naar het boek waarin de tekst van dit lied voor het eerst is verschenen: 'de Lapekoer fan Gabe Skroar'. Kan iemand mij meer vertellen of - en zo ja waar - dit boek verkrijgbaar is? Ik zoek dit boek naar aanleiding van de geboorte van mijn kleinzoon Gabe maar ook voor mijn schoonvader (91) die zich nog heel goed kan herinneren dat hij dagelijkse een bijdrage van "Gabe Skroar" kon lezen in de Leeuwarder Courant (?). Bedankt alvast.

Wopkje de Jong op zondag 24 december 2017
Beste mijnheer Pieterse,
Als ik zelf een oud boek zoek, kijk ik op Boekwinkeltjes.nl. Ik heb daar al even voor u gezocht, maar daar is het op dit moment niet te koop.
Misschien is een oproep op Marktplaats onder de rubriek 'gezocht' een optie?
Veel succes bij het vinden van dit boek.