Teiwaar

13-01-2009 - It wie sa moai. Goed iis, moai waar. It is no al oardel dei teiwaar. Pyt Paulusma hat it der oer dat it wer frieze sil. Ik hoopje dat er gelyk hat. Dit waar freget gewoan om in gedichtsje...


Teiwaar

Ride yn blauwe loft en sinneskyn
liket hjoed al lang ferlyn
De winter is noch net ferslein
oan 't riden kaam wol wer in ein

Wa wit wol it noch wer frieze
wy moatte de moed noch net ferlieze
De redens noch mar net yn 't fet
ek al moat dat ier of let

Miskien is 't sa't ús beppe sei
dat it op âld iis fûl frieze mei
Febrewaris jout faak sterk iis
al liket it no mar wiet en griis...



Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.