100 jier Alvestêdetocht

02-01-2009 - It is hjoed op 'e kop ôf 100 jier lyn dat de earste Alvestêdetocht ferriden waard. Troch ferskate media wurdt hjir oandacht oan jûn. Fansels wol fansels net efterbliuwe.

Krekt no't it fan 'e wike frear dat it kreake wie der troch ferskate media in soad oandacht foar de alderearste Alvestêdetocht. Der wie in spesjaal programma fan 'Andere tijden'. De kranten stienen der bol fan en ek Google hie har logo oanpast.

Yn 'e regel is it sa dat as it mar in bytsje friest, Friezen wol wat kribeljen fiele yn harren bloed. Men hat wol nocht oan in Alvestêdetocht, mar utert dat noch net sa bot. De rest fan Nederlân hat it wurd Alvestêdetocht al foar yn 'e mûle. Dit jier is dit fansels alhiel terjochte yn ferbân mei it ferriden fan 'e earste tocht fan alle tochten krekt in ieu lyn.

Dy tocht hie trijeëntweintich dielnimmers en mar njoggen dêrfan hellen de einstreep. As hjoed de dei dizze tocht ferriden wurde soe, soenen dat oanmerklik mear wêze. En yn dizze tiid fan media-oandacht op de dei sels, soe men ek grif de wei net kwyt reitsje yn 'e mist.

Mar hoopje dat nije wike de froast noch fûl trochset, sadat wy nei goed 12 jier, miskien ein nije wike, wer genietsje kinne fan in Alvestêdetocht. Is it net óp it iis of oan 'e kant dêrfan, dan wol by de kachel foar de televyzje.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.