Fryske webside

Hechtsje jo relaasjes der wearde oan dat hja yn ús memmetaal, it Frysk, mei jo saken dwaan kinne? Hawwe jo al ris tocht oan de mooglikheid jo ynternetside neist it Nederlânsk ek yn it Frysk oan te bieden?

Websiden binne foar bedriuwen en ynstellingen tige wichtich. Hast elkenien hat tsjintwurdich tagong ta it ynternet en ferwachtet dat organisaasjes op it web berikber binne.

Seker no't hieltyd mear bedriuwen en foarsjenningen yn Fryslân har konsintrearje yn de gruttere plakken wurdt it web hieltyd weardefoller. Tsjinsten binne net langer bûn oan tiid en plak en troch bygelyks ynternetsiden, webwinkels, e-mail en chatmooglikheden leit ek op it plattelân de wrâld oan jo fuotten.

Jo webside ek yn it Frysk

As jo al regelmjittich kontakten ûnderhâlde yn it Frysk, sille jo relaasjes it seker wurdearje om ek op jo webside de Fryske taal tsjin te kommen. Mei in Fryske webside drage jo aktyf út dat it Frysk by jo bedriuw wolkom is en stelle jo nije en besteande klanten yn steat ynformaasje te rieplachtsjen yn harren memmetaal.

Fansels kin jo op ferskate manieren helpe by in Frysktalige ferzje fan jo webside. Bygelyks troch jo besteande teksten te fertalen nei flaterfrij Frysk of troch jo sels skreaune Fryske teksten te redigearjen/korrizjearjen. Ek hat Fansels goede kontakten mei webbouwers dy't der foar soargje kinne dat jo twatalige webside yn 'e loft kin en ienfâldich beheard wurde kin. Nim gerêst frijbliuwend kontakt op mei Fansels.