Sinterklaas

28-11-2010 - In het Fries zijn er ook Sint Nicolaasliedjes. Een aantal nieuwe, die zijn te vinden op YouTube, maar er zijn ook oude. Zoals bijvoorbeeld de volgende.

Oer wâljende weagen

(Op de wijze van 'Zie ginds komt de stoomboot')

Oer wâljende weagen, oer brûzjende see
komt Sint mei syn stoomboat, d' âld man stiet al ree
De flaggen dy waaie, it seewetter blinkt
de pipen dy rikje, de stoomfluite klinkt

Wat laket it feintsje de bernstjes dochs ta!
Syn sniewite tosken dy blinke dochs sa
Hy stiet by it hynder, dat knikt mei syn kop
Twa fleurige tûfen dy waaie der op

Och, och, wat in koffers, de boat suver fol
Foar elk in presintsje, want Sint is sa gol
De berntsjes, hja wiuwe sa bliid mei de hân
'Dei Sint en dei Piter, wês wolkom yn 't lân"

Swarte Pyt soe te fytsen

(Op de wijze van 'Zwarte Piet zou uit fietsen)

Swarte Pyt soe te fytsen, doe knapte syn bân
Doe moast er wol rinne mei de fyts oan 'e hân
Hy kaam yn de buorren en sei tsjin de smid
Ik leau dat der yn myn achterbân en spikergatsje sit

De smid moast wol laitsje, mar plakte de bân
Doe koe Pyt wer fytse troch 't hiele Fryske lân
Oer Akkrum, oer Jirnsum, by Boarn oer it dak
Brocht Piter op syn fytske de pakjes te plak.

O, moat mem ris sjen!

(Op de wijze van 'O, kom er eens kijken')

O, moat mem ris sjen, mem, wat der yn myn kuorke leit
Laket it famke, sjoch ek gau ris heit
In poppe mei in strik yn 't hier en skuontsjes fan glêd buordpapier
Derby in fikse sûkerman, wat sizze jimm' derfan?

O, moat heit ris sjen, heit, wat der yn myn kuorke leit
Laket it jonkje, sjoch ek gau ris heit
In fleanmasine, tige grut, mei moaie kleuren, wyt en read
Derby in fikse sûkerman, wat sizze jimm' derfan?

O. moat mem ris sjen, mem, wat in leave Sinteklaas
Wol heit ris skriuwe oan dy âlde baas?

Sjoch de moanne

(Op de wijze van 'Zie de maan schijnt')

Sjoch, de moanne troch de beammen, berntsjes wês dochs efkes stil
't Is de jûn fan Sinteklaas no, wat er ús ris bringe sil?
O, wat slacht ús 't hert no rêd, wy moatt' net te let op bêd
O, wat slacht ús 't hert no rêd, wy moatt' net te let op bêd

O, wat sille wy moai boartsje mei dy poppe en dy wein
Earlik sill' wy alles partsje, sûkerguod en marsepein
Mar o wee, wat grut fertriet, as der neat yn 't kuorke siet
Mar o wee, wat grut fertriet, as der neat yn 't kuorke siet


Bij deze liedjes heb ik hier geen vertaling gegeven. Als daar behoefte aan is, dan hoor ik dat graag. U kunt dit aangeven in de onderstaande reactiemogelijkheid.

Reacties

Lucia Huitema op zaterdag 4 december 2010 om 15:27
Kinst dizze ek noch Wopkje?

Sinterklaas rydt op syn hynder
troch de hege wite snie
en hy harket oan de ruten,
oft der ek ien ûndogensk wie
dogenieten pas mar op,
want hy skriuwt jim nammen op
yn it grutte tsjokke boek
en dan krij' jim foar de broek!

Groetsjes!

Wopkje de Jong, Fansels op zondag 5 december 2010 om 16:35
Ha Lucia,

Betanke foar dyn reaksje.
Ja, dy kin ik noch wol. Ik fyn it wol in moai ferske, mar dat 'foar de broek' fyn ik wat minder.

Groetnis,
Wopkje

Laat je reactie achter

Naam:
E-mailadres: (wordt niet weergegeven)
Website:
Bericht: