Earste Fryske twitterdei

18-04-2012 - 19 april sil it wêze, de earste Fryske twitterdei. De tiidline fan @Fansels stiet de hiele wike al fol mei minsken dy't tongersdei yn it Frysk twitterje sille. De 'hekstek' Frysk (#Frysk) is yn de tiid dat ik dit typ al 'trending topic' wurden. Ik bin benijd oft dit moarn ek wrâldwiid it gefal wêze sil. Neffens my hat dat bêst in grutte kâns fan slagjen.

Lês it folsleine berjocht