De sulveren twicht

18-10-2011 - Ek dit jier wie der wer in gedichtewedstriid op Twitter. Elkenien koe in twicht (in twittergedicht fan 140 tekens) publisearje op syn of har eigen twitteraccount. Om mei te dwaan foar de 'sulveren twicht' moast dy gedichtetweet de hashtag 'twicht' (#twicht) meikrije.

Ta gelegenheid fan de ‘Moanne fan it Fryske Boek’ waard ek dit jier wer in gedichtewedstriid útskreaun op Twitter. Dit jier waarden minder twichten ynstjoerd as ferline jier, omdat der no allinne Fryske twichten of twichten yn in Fryske streektaal ynstjoerd wurde koene. Dochs waarden mear as 200 twichten ynstjoerd.

Wat ompiele mei tekst, rym en dicht fyn ik altyd prachtich en it is fansels in ekstra útdaging om dit yn 140 tekens te dwaan. Sadwaande sieten de folgjende fjouwer twichten fan my tusken dizze ynstjoerings:


Yn it twiljocht krûpt de dauwe hoeden oer it lân, it tsjuster fan de neare nacht nimt de grize dize mei, by 't lemieren fan de dei.

yn myn tizerige tinzen | warrelje wurden wûnderlik | twivelriedich twirrelje se | en twinge har ta in #twicht

Sûnder 't ferline te ferjitten, sjoch ik inkeld noch foarút en ik haw mysels ûnthjitten: pikerje net, it jout gjin sprút.

swarte wolken rôlje oer / oan hjerstige blauwe loften / wâlje en tommelje oerstjoer / protters yn grutte kloften

Doe't ik 4 oktober in DM (in 'direct mail' op Twitter) krige fan Tresoar mei de meidieling dat ik, mei noch fjouwer oaren, nominearre wie foar dizze sulveren twicht, wie ik bliid en fernuvere.
Snein 16 oktober wie de útslach fan dizze wedstriid en die bliken dat de sjuery, besteande út Jellie Tiemersma, Asing Walthaus en Piter Zwart, my de sulveren twicht tatocht hie. Om nominearre te wêzen fûn ik al prachtich en bysûnder, ik bin tige wiis mei dizze priis.
In dik bosk blommen, in moai boek, boekebonnen en de sulveren twicht: in prachtige sulveren spjelde fan in ûltsje. En allegearre oandacht fan freonen, kunde en allerhande (nije) media. Hertlik betanke! It kin net op...

De winnende twicht, ik ferried hjiryn hoe't myn oare twichten ûntstien binne, wie dizze:

yn myn tizerige tinzen | warrelje wurden wûnderlik | twivelriedich twirrelje se | en twinge har ta in #twicht




Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Martsje op donderdag 20 oktober 2011
Ik ha myn twicht foar takom jier al klear:
Yn myn tizerige tinzen / pleegje ik plagiaat/ mei wûnderlike wurden fan Wopkje / soe it slagje?
Hahahaha. Nochris lokwinske fanke, ik fûn it machtich!

Yaabre op zondag 20 oktober 2013
Leuk al dy ferhaaltjes, gean sa troch! (Moast wol Facebook krije, oars wist net ast it wol goed dochst, no.. dat ha ik wol mei myn blog).
Groeten fan Djoke