Falentyn

07-02-2011 - Wolle jo 14 febrewaris op Falentynsdei immen bliid meitsje mei in leave winsk of in gedichtsje yn it Frysk? Fansels kin jo hjirby helpe.

De kommersy om it fieren fan de út Amearika oerwaaide Falentynsdei hinne, fyn ik mar sa-sa. Ek stiet de wrâld hjir en dêr nuver op syn kop... Dochs is der, neffens my, neat mis mei it elkoar bliid meitsjen mei in aardige attinsje.

Foar it oersetten fan in leave, grappige, mar yn elk gefal persoanlike, Fryske tekst binne jo by Fansels oan it goede adres. Krekt as oare jierren kinne jo ek dit jier fan dizze service gebrûk meitsje. Ek as jo net sa wis binne fan jo eigen Fryske winsk, kin Fansels de tekst efkes neisjen.

Jo persoanlike berjocht kinne jo my maile. De tekst sil dan sa gau mooglik (fergees) oerset of korrizjearre wurde.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.