Sinteklaas

28-11-2010 - Yn 't Frysk binne der ek Sinteklazeferskes. In oantal nije, te finen op YouTube, mar der binne ek âlde. Sa as bygelyks de folgjende.

Oer wâljende weagen

(Op de wize fan 'Zie ginds komt de stoomboot')

Oer wâljende weagen, oer brûzjende see
komt Sint mei syn stoomboat, d' âld man stiet al ree
De flaggen dy waaie, it seewetter blinkt
de pipen dy rikje, de stoomfluite klinkt

Wat laket it feintsje de bernstjes dochs ta!
Syn sniewite tosken dy blinke dochs sa
Hy stiet by it hynder, dat knikt mei syn kop
Twa fleurige tûfen dy waaie der op

Och, och, wat in koffers, de boat suver fol
Foar elk in presintsje, want Sint is sa gol
De berntsjes, hja wiuwe sa bliid mei de hân
'Dei Sint en dei Piter, wês wolkom yn 't lân"

Swarte Pyt soe te fytsen

(Op de wize fan 'Zwarte Piet zou uit fietsen)

Swarte Pyt soe te fytsen, doe knapte syn bân
Doe moast er wol rinne mei de fyts oan 'e hân
Hy kaam yn de buorren en sei tsjin de smid
Ik leau dat der yn myn achterbân en spikergatsje sit

De smid moast wol laitsje, mar plakte de bân
Doe koe Pyt wer fytse troch 't hiele Fryske lân
Oer Akkrum, oer Jirnsum, by Boarn oer it dak
Brocht Piter op syn fytske de pakjes te plak.

O, moat mem ris sjen!

(Op de wize fan 'O, kom er eens kijken')

O, moat mem ris sjen, mem, wat der yn myn kuorke leit
Laket it famke, sjoch ek gau ris heit
In poppe mei in strik yn 't hier en skuontsjes fan glêd buordpapier
Derby in fikse sûkerman, wat sizze jimm' dêrfan?

O, moat heit ris sjen, heit, wat der yn myn kuorke leit
Laket it jonkje, sjoch ek gau ris heit
In fleanmasine, tige grut, mei moaie kleuren, wyt en read
Derby in fikse sûkerman, wat sizze jimm' dêrfan?

O. moat mem ris sjen, mem, wat in leave Sinteklaas
Wol heit ris skriuwe oan dy âlde baas?

Sjoch de moanne

(Op de wize fan 'Zie de maan schijnt')

Sjoch, de moanne troch de beammen, berntsjes wês dochs efkes stil
't Is de jûn fan Sinteklaas no, wat er ús ris bringe sil?
O, wat slacht ús 't hert no rêd, wy moatt' net te let op bêd
O, wat slacht ús 't hert no rêd, wy moatt' net te let op bêd

O, wat sille wy moai boartsje mei dy poppe en dy wein
Earlik sill' wy alles partsje, sûkerguod en marsepein
Mar o wee, wat grut fertriet, as der neat yn 't kuorke siet
Mar o wee, wat grut fertriet, as der neat yn 't kuorke siet

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: