Alf novimber is de dei..

07-11-2010 - Sinte-Marten, it is al wer hast safier. De bern sille grif wer oan 'e doar komme mei harren lampionnen. In pear Fryske ferskes foar Sinte-Marten binne:

Wy rinne mei ús ljochtsje

Wy rinne mei ús ljochtsje
nei alle hûzen ta.
En wolle graach wat lekkers
yn' e bûse ha.

It mei fan alles wêze
fruit en drop en sa.
Wy geane dan wer fierder
en sjonge tra la la

en

Alf novimber

Alf novimber is de dei
Dat myn ljochtsje
Dat myn ljochtsje
Alf novimber is de dei
Dat myn ljochtsje brâne mei 

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.