In twicht

01-08-2010 - ‘Ta gelegenheid fan de ‘Moanne fan it Fryske Boek’ wurdt der in bysûndere gedichtewedstriid útskreaun. Elkenien dy’t foar 30 septimber 24.00 oere in twicht (in twittergedicht) publisearret op syn of har eigen Twitteraccount docht mei foar de sulveren Twicht, dy’t op 2 oktober yn Drachten útrikt wurdt. De ynhâld, foarm en taalkar binne frij’.

Fia de twitterberjochten fan Omrop Fryslân dy’t ik folgje op Twitter seach ik de boppesteande oprop (sitaat) ta gelegenheid fan de ‘Moanne fan it Fryske Boek’. Hjir kinne jo ek de al pleatste twichten lêze. Klik hjir foar de wiidweidige spulregels foar dizze wedstriid. Op Twitter kinne jo troch #twicht oan te klikken alle berjochten mei in twicht lêze.

Dit is fansels krekt wat foar my. As myn tiid it talit mei ik o sa graach wat piele mei ferhaaltsjes, rymkes en gedichtsjes, wurden en taal. Hjoed haw ik dizze twicht op Twitter set:

it witten ||| de tiden fan in jier | binne as ús libben | ‘k winskje elk wille en tier | ear‘t je ’t witte is ‘t winter. #twicht

Sels fûn ik it it aardichst om binnen de 140 karakters te bliuwen. Yn dit gefal hie ik noch 12 oer. Wol haw ik wat sitten te pielen mei de lay-out. Mei 140 karakters binne der net sa'n hiel soad mooglikheden.

Miskien meitsje ik nóch wol in twicht. Oan 1 oktober ta is der yn elk gefal noch tiid by de rûs.


Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Wopkje de Jong, Fansels op maandag 4 oktober 2010 om 13:44
Bron: Moanne fan it Fryske boek 2010:

“Waarom zie ik nooit de man, die | rennend achter zijn hoed aan | laatste treinen mist | met zijn jas doorweekt”

Mei dizze Twicht hat de 19 jierrige Lauranne van Grinsven út Den Bosch de twittergedichtewedstriid wûn. De sjuery, besteande út Asing Walthaus (Ljouwerter Krante), Sjoerd IJbema (Omrop Fryslân) en Jellie Tiemersma (Bibleteekservice Fryslân), oardiele as folget: dizze twicht ropt net allinnich yn 140 tekens in byld op, mar set it byld ek wer op losse skroeven.

Met deze Twicht heeft de 19 jarige Lauranne van Grinsven uit Den Bosch de twittergedichtenwedstrijd gewonnen. De jury, bestaande uit Asing Walthaus (Leeuwarder Krant), Sjoerd IJbema (Omrop Fryslân) en Jellie Tiemersma (Bibliotheekservice Fryslân), oordeelde als volgt: deze twicht roept niet alleen in 140 tekens een beeld op, maar zet het beeld ook weer op losse schroeven.

www.moannefanitfryskeboek.nl

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: