Skûtsjes

29-07-2010 - Elk jier rûn de tiid fan it skûtsjesilen tink ik mear as gewoanwei oan myn foarâlden. Benammen oan ús oerbeppe, dy’t by ús thús altyd ‘Beppe fan ‘t skip’ neamd waard en oan ús beppe Wopkje, de beppe dêr’t ik nei ferneamd bin. Sy is berne op in skûtsje. Yn dy tiid wie skûtsjesilen wol wat oars as no.

Beppe fan ‘t skip, Neeltje van der Woude (1862-1957) wie troud mei Jelle Aukes Veltman (1867-1914). Tegearre hienen se fiif bern. Twa soannen en trije dochters. Ien fan harren wie ús beppe. Doe’t oerpake stoar, wie ús beppe tolve jier. Oerbeppe stie der doe allinne foar. Hja is sûnder har man, mar mei har gesin op it skûtsje bleaun en hat it farren der net oanjûn. Mei har soannen is hja noch jierren farren bleaun.

Sân minsken op in skûtsje. It wen- en wurkplak fan dizze húshâlding. Yn waar en wyn moast der wurke wurde. Maitiid, simmer, hjerst én winter. It wie in tige hurd bestean. It is hast net mear foar te stellen hoe’t de minsken oan board fan dizze skippen libben.

Dat dit bestean, ek foar ús beppe, doe noch mar in famke, net altyd maklik wie, docht bliken út de folgjende anekdoate.

It wie yn ‘e sechstiger jierren, dat beppe en pake mei ús heit en mem yn 'e auto te riden wiene, dat wie destiids in moai útsje op in sneintemiddei. Hja rieden yn Drinte in ein lâns de feart, de Drentsche Hoofdvaart. Doe’t ús mem sei dat der gjin ein oan dy feart kaam, sei ús beppe: ‘silst it mar rinne moatte mei in skûtsje efter dy oan’.

Hja fertelde dat hja as jong famke regelmjittich moarns ier en betiid fan ‘t bêd helle waard om it skûtsje te lûken om dochs de gong der wat yn te hâlden. Krekt as no, wie ek doe tiid jild. It barde faak dat se it yn ‘e wyn op hiene en dan moast hja yn ‘e beage rinne. As der yn ‘e fierte in flauwe bocht wie, hie hja de hope dat der wer syld wurde koe, mar as hja dêr dan oan ta wiene, foel dat faak ôf.

Wat noch ekstra yndruk op my makke, wie dat hja fertelde, dat hja faak noch ferskriklik slûch wie as hja yn ‘e line rûn. Se rûn dan sa’n bytsje te sliepen. As de grûn wat ûnsljocht wie, skrok hja sa no en dan wekker...

Hjoed-de-dei giet it by skûtsjes om faasje, lingte, túch en wa ‘t it wint. Fansels sit it winnen de skippers yn it bloed. It giet der faak fûleinich oan ta. Ik tink dat dit mei komt troch it hurde bestean dat dizze skippers fan harren foarâlden yn de genen meikrige hawwe troch it libben op in skûtsje.

 

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Ad Pontier op donderdag 19 augustus 2010
Er zaten afgelopen week bij de IFKS ook niet-Friezen in de A-klasse skûtsjes, waaronder mijn dochter op het skûtsje van Woudsend. (Voor de eerste keer meedoen, en dan 7e worden in het algemeen klassement.) Friezen weten dus ook Hollanders te inspireren tot grote prestaties!

Wopkje de Jong, Fansels op donderdag 26 augustus 2010
Bedankt voor uw leuke reactie. Een knappe prestatie!
Ik heb dit jaar het skûtsjesilen niet van de wal af gezien, maar wel heb ik het uitgebreid gevolgd via Omrop Fryslân radio overdag en 's avonds het skûtsjejournaal op de televizie. Ook kon ik 's middags de skûtsjes prima volgen via GPRS op mijn pc.

Toch gaat er niks boven zelf gaan kijken. De sfeer proeven en, fansels, het weer, de wind, de zon en het water!

sipke wagenaar op zondag 3 februari 2013
hallo wopkje de jong
je verhaal met een meer dan grote belangstelling gelezen.
je oma heb ik niet gekend ,maar wel muoike neeltje zoals mijn grootmoeder haar noemde. als kind ben ik vaak bij hen aan boord geweest ze woonde toen met haar zoon auke op het skutsje, waar toen nog mee gevaren werd. auke stond bekend als de leste turfskipper fan gerdyk, broer bouwe kende ik ook, als we samen met mijn moeder daar op visite kwamen, keek ik altijd vol bewondering naar de scheepjes in de fles en begreep maar niet hoe die er in kwamen en dat werd me ook niet verteld.

Wopkje de Jong op zondag 10 februari 2013
Van harte bedankt voor de reactie. Eigenlijk had ik ook wel een kijkje willen nemen aan boord van dit skûtsje. Ik zou er erg graag meer over te weten komen.