Simmer!

01-07-2010 - Op de thússide fan dizze webside stiet dat ik regelmjittich skriuwe sil oer myn dwaan en litten, Fryslân en de Fryske taal. Yn 'e moannen maaie en juny bin ik dêr, troch in gearrin fan omstannichheden, net oan ta kaam. Yntusken buorrelt Fryslân al fan de aktiviteiten en is útroppen ta de moaiste provinsje fan Nederlân. Dat komt ûnder oare mei troch de folgjende wichtige eveneminten.


Skûtsjesilen 2010

It wedstriidskema folget hjirûnder. Alle wedstriden begjinne om 14.00 oere. Fan it wedstriidwetter ôf wurdt taljochting jûn oer it ferrin fan de wedstriden.

De dei, datum, plak en wêr't de wedstriid it bêste te folgjen is:

Sneon 24-07-2010: Grou – by de Tynje
Moandei 26-07-2010: De Feanhoop – by Iesicht
Tiisdei 27-07-2010: Earnewâld – by de Sânige Mar
Woansdei 28-07-2010: Terherne -  fan de pier ôf
Tongersdei 29-07-2010: Langwar – fan it strân ôf fan it doarp
Sneon 31-07-2010: Starum – fan de Iselmardyk ôf
Moandei 02-08-2010: Wâldsein – fan de Yndyk ôf
Tiisdei 03-08-2010: Ealahuzen – lâns de wâl foar it doarp
Woansdei 04-08-2010: De Lemmer – fan de pier ôf by it strân
Tongersdei 05-08-2010: De Lemmer – fan de pier ôf by it strân
Freed 06-08-2010: Snits – fan it starteilân ôf

Omrop Fryslân radio docht op 92.2 FM elke middei live ferslach fan it skûtsjesilen. Ek fia de webradio fan 'e omrop kinne jo de wedstriden folgje. Omrop Fryslân televyzje docht elke jûn wiidweidich ferslach.

Keatsen

De PC, de grutste keatspartij fan 'e wrâld, wurdt elk jier wer hâlden op de fyfde woansdei nei 30 juny. Dit jier sil it heve op 4 augustes 2010, yn Frentsjer op it Sjûkelân.
Dit barren is ek te folgjen op Omrop Fryslân radio, televyzje en de webradio.

Fansels binne der nóch in hiel soad aktiviteiten yn Fryslân. Foar mear spesifike útsjes ensf. wol ik jo trochferwize nei Trips in Nederland.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.