Twa lytse wite lamkes
09-03-2010 - Yn myn legere skoaltiid learden we it ûndersteande ferske. Omdat it doe in tige aardich ferske wie en, neffens my, noch hieltyd is, fûn ik it tiid wurden – ek mei it each op 'e maitiid – om it hjir te pleatsen.
Ik tink dat der wol trouwe besikers fan dizze webside binne dy't it miskien aardich fine om dit ferske hjir oan te treffen.
Twa lytse wite lamkes
Twa lytse wite lamkes, dy boarten by de sleat, har mem sei: 'hjir gau berntsjes, dat komt aanst grif ferkeard'
De smoarge lamkes tochten, ús mem dy praat mar wat
Lit ús hjir mar moai boartsje, dat wetter wat soe dat
Hja sprongen en hja dûnsen en ja, it kaam ferkeard
dêr wie 't ynienen 'Hoepla', kopke-ûnder yn 'e sleat
't Ald skiep begûn te gûlen, dêr kaam de boer op ou
Hy sei: 'ik sil jim helpe, mar ik set jim gau oan 't tou'!
Lees deze blog in het Nederlands
Reaksjes
anke beetsma op vrijdag 26 maart 2010 om 13:06
Wat ontzettend leuk. ús mem song it froeger foar ús en ik song it wer foar myn bern. Moai dat ik it no op papier heb. Altyd as ik yn'e maitiid troch de greiden riid sjong ik it
Bedankt.
Wopkje de Jong, Fansels op vrijdag 26 maart 2010 om 13:20
Betanke foar dyn reaksje, Anke!
Der binne noch wol mear fan dy aardige Fryske ferskes fan eartiids, dy't dochs fan alle tiden binne. Ik bin fan doel om sa no en dan ien op dizze webside te setten. Asto noch suggestjes hast: graach!
Anja op donderdag 1 april 2010 om 15:02
Ik ha dit ferske froeger ek fan ús mem leard. Ik song it letter ek noch wol ris, mar der wienen net faak oaren dy't dit ek koenen. No docht bliken dat der dochs mear binne dy't it leard hawwe. Betanke en ik sil dizze side faker opsykje.
andrea op donderdag 8 april 2010 om 21:23
Foar my ek in hiel bekend ferske, mar fan de tredde en fjirde rigel hie ik nea heard.Tafallich hie ik it opskreaun om it foar myn beppesizzer te sjongen, en mei de úntbrekkende rigels is it no kompleet!
Petra op maandag 12 april 2010 om 19:19
Dit ha ik ek in protte song foar de bern. It lêste 'mar ik set jim oan it tou' bin ik wend twa kear te sjongen en dan it lêste tou as 'tou-tou-tou-tououou....'
En hoe liket it mei It fûgeltsje út de miedlannen? Kinst dat ek, Wopkje?
Wopkje de Jong, Fansels op dinsdag 13 april 2010 om 12:04
Betanke foar jimme reaksjes, Anja, Andrea en Petra!
Fan 'e wike kaam ik der efter dat de wize wêr't dit ferske op song wurdt, hjir en dêr ek noch oars is. Ik hearde it immen folslein oars sjongen. Ek moai, hear!
Petra: It 'fûgeltsje út 'e miedlannen' ken ik wol. Ik moat der earst noch in nachtsje oer sliepe hoe't it ek krekt wer is, mar dat kin ik fansels hjir ek noch wolris pleatse.
Kensto it ferske 'Moarns ier en betiid as it skimerich is' ek? It giet oer boeren dy't melke sille. Ik wit in protte ferskes mar heal. Spitich!
Aaltje Blom op vrijdag 23 april 2010 om 10:06
Bedankt foar it ferske fan de lytse lamkes, ik wie de lêste rigel kwyt.
It fûgeltsje kin ik wol
Der kaam in fûgeltsje an fleanen, ût de miedlannen wei
Der is Heit oan et meanen seit fan him us goeddei.
Mem dy jouwt oan it bistje wer in boadskip werom
Ik sil gau sjen en meitsje dat ik mei kofje kom
Wopkje de Jong, Fansels op vrijdag 23 april 2010 om 16:50
Tank foar dyn berjochtsje, Aaltje.
It aardige fan ferskes dy't net yn boekjes te finen binne, is dat elk it wer oars sjongt. Petra (fan de reaksje hjirboppe) sjongt it oars as ik it sjong. Ik haw ús mem en myn suster ek noch efkes frege. Wy komme mei ús trijen ta it folgende (it ferske is noch twa rigels langer dan datsto it hast).
Der komt in fûgeltsje oan fleanen út 'e miedlannen wei
Dêr is heit oan it meanen, 'k sis fan him jim goe'ndei
Mem dy jout oan it bistke gau in boadskip werom
'Ik sil daliks wol meitsje dat ik mei kofje kom
Mar myn twa lytse pykjes dy moatte ek mei
Dy lizze te sliepen, wol in gat yn 'e dei'
Ik bin benijd oft der minsken binne dy't it nóch oars sjonge.
Roely de Haan-Beintema op maandag 10 mei 2010 om 22:00
Wopkje , Ik bin no ek efkes nei dyn weblog west en die ek efkes besjûn. Leuke ferskes op die side. EEn prachtige side fan Fansels.nl.Groetnis Roely
Aukje-Tjitske op vrijdag 16 juli 2010 om 14:44
Goeie, Wopkje en oaren,
It is faaks wat mosterd nei it iten, mar dochs noch efkes in reaksje op sokke aardige Fryske ferskes. Myn dochter (no 4 moanne âld) wol ik graach (at se âlder is) wat Fryske ferskes leare. Ik haw it boekje 'Hop hop hynke' kocht by de Afûk, mar ik wit fan in tal ferskes de melodij net. Wit ien fan jim dy faaks? Of wit ien fan jim hoe't ik oan melodijen fan Fryske ferskes komme kin (boppesteande bygelyks)?
In soad tank!
Aukje-Tjitske
Wopkje de Jong, fansels op maandag 19 juli 2010 om 15:28
Bêste Aukje-Tjitske (en ek de oaren),
It is de bedoeling dat ik ynkoarten in oantal Fryske ferskes, wêrûnder it ferske fan de wite lamkes, op noateskrift yn myn besit krije sil.
Ik kom hjir op werom.
Freonlike groetnis,
Wopkje
margriet van schepen op woensdag 30 maart 2011 om 18:33
Wat in mooi ferske!
Ik sykje ek noch: In fugeltsje krûpte yn 'e klomp, de klomp fan pake Sake, hy boude in nêst dy lytse gút en brette njoggen aikes út en pake koe de klomp net oan ens.
Wa wit hoe't it fierder giet? Graach reaksjes.
Rinske Vogel op woensdag 31 augustus 2011 om 12:14
Ik ha it lykas hjir ûnder stiet leard al fan ús beppe, mar wit it lêste ferske net mear.
Twa leave lytse lamkes dy boarten by de sleat
de mem sei wês foarsichtich
oars komt it grif ferkeard, oars komt it grif ferkeard
De lyste lamkes tochten
ús mem dy seit mar wat
wy meie dochs wol boartsje
wat wetter, wat soe dat, wat wetter wat soe dat
en dan komt der noch in ferske en dat wit ik net mear.
Jimme wol? Ik soe it hiel graach alhiel mei myn beppesizzers sjonge wolle!
Jitske op woensdag 30 november 2011 om 23:08
Jaaa, dit ferske kin ik ek noch. Ik wie de tekst kwyt. No ha ik dy wer fûn, mar no wit ik de wize net mear...
Lit jo reaksje efter
Moaie wurden en sechjes op Twitter:
- Slim slûch is better as slûchslim, want dan ha je in skerp each foar eigen foardiel (en bewurkje je dat op tûke of gemiene wize). #moaiwurd
27 januari 2012 23:20
Folgje Fansels op Twitter:
@Fansels
Nederlands
Frysk

