Sprekwurden
15-02-2010 - Fan 'e wike stjoert Fansels al wer in jier lang oan minsken, dy't dat graach wolle, in sprekwurd. Alle wiken, op freed, rûn in oere as tolve, wurdt dit sprekwurd oan in fiks, noch hieltyd oprinnend, oantal minsken ferstjoerd.
Dit jier hat my bliken dien dat in soad minsken it tige op priis stelle om alle wiken in sprekwurd te krijen. Troch dit jier hinne haw ik in oantal tige aardige reaksjes fan minsken hân dy't wykliks nei it sprekwurd útsjogge. Dit makket it nóch aardiger om te dwaan.
Mei it ferstjoeren fan de sprekwurden kin ik noch in hiele tiid foarút en ik hoopje der noch lang minsken bliid mei te meitsjen. As der ideeën of suggestjes binne, dan hear ik dat graach.
Untfange jo noch gjin sprekwurd, dan kinne jo hjir klikke om jo gegevens yn te foljen.
Mei freonlike groetnis,
Wopkje de Jong
Lees deze blog in het Nederlands
Reaksjes
Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.
Lit jo reaksje efter
Moaie wurden en sechjes op Twitter:
- In 'preamkeskower' is immen dy't knoffelich reedrydt, benammen mar ien skonk brûkt om ôf te setten. #Frysk #moaiwurd
2 februari 2012 16:59 - In 'klúnhakke' is in minne, knoffelige, bryk streekjende reedrider. #moaiwurd #Frysk
2 februari 2012 16:51
Folgje Fansels op Twitter:
@Fansels
Nederlands
Frysk

