Falentyn

26-01-2010 - Ek al is it fieren fan Falentyn net echt in Nederlânsk of Frysk barren, dochs wol Fansels, krekt as ferline jier, jo de gelegenheid jaan om jo leafste op 14 febrewaris te ferrassen mei in Falentynskaart mei in Fryske tekst.

Rûn de njoggentiger jierren fan de foarige ieu kaam it fieren fan Falentynsdei, krekt as yn Amearika, ek hjir mear en mear yn 'e moade. It is de dei by útstek foar minsken dy 't elkoar oandacht jaan wolle yn 'e foarm fan bygelyks kaarten, presintsjes, boeken en blommen.

Om no jo Falentyn in grappige, moaie of leave winsk te stjoeren, wol Fansels jo yn 'e gelegenheid stelle om jo persoanlike tekst (fan maksimaal 150 karakters) ek dit jier wer fergees oersette te litten. Ek as jo net sa wis binne fan jo eigen yn it Frysk skreaune tekst, kin Fansels jo helpe. Jo Fryske tekst kin op skriuwflaters neisjoen wurde.

Foar it oersetten of korrizjearjen fan sa'n persoanlike winsk kinne jo my maile. Jo krije dan jo tekst sa gau mooglik fertaald of korrizjearre werom. 

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.