Gewoan?

28-09-2009 - Gewoanten feroarje troch de jierren hinne, dêr kinne we net foarwei. Doe't ik op skoalle wurke, rûn ik oan tsjin in feroare gewoante. Wat ik mar frjemd fûn, fûnen de famkes hiel gewoan..

Mei in lytse tweintich beukers yn in klasse is it foar in learkrêft bêst wol drok. De iene ropt dit, de oare dat en fansels moatte je earen en eagen foar en efter hawwe. Oan de fakânsje ta wie ik sa 'n 'juf'. Ik fyn it o sa spitich dat myn kontrakt net ferlinge wurde koe, want ik haw it o sa nei't sin hân op skoalle en ik hoopje yn 'e takomst wer in oantal oeren wyks as ûnderwiisassistinte oan it wurk te gean.

Werom tinkend oan de tiid op skoalle, sjit it my wer yn it sin. It wie yn it earste jier dat ik wurke op skoalle:
Klaske: “Juf, mei ik nei de wc?”
Fansels wol ik dat wol leie, mar nei in poaske is Klaske der noch net wer. Wêr bliuwt hja dochs?
Ik gean nei de wc en dêr is Klaske. Hja is al klear, hat har ûnderbroekje al wer oan, mar har maillot én har rokje hat se noch om 'e ankels.
“Wol juf my efkes helpe?”, freget hja.
Dat wol ik wol, mar ik freegje har: “Wêrom dochsto dyn rokje nei ûnderen, dat hoecht ommers net by rokjes?”
Ik lis har út dat broeken nei ûnderen moatte en rokken omheech kinne, dan hoege se ek net op 'e grûn te lizzen. Hja sjocht my mei grutte eagen oan en begrypt der neat fan.

Sa bart dat geandewei it skoaljier faker mei famkes en rokjes. Op in kear begjin ik deroer yn 'e dosintekeamer. Ik freegje de oaren oft dit harren ek opfallen is. Der binne kollega's dy't deselde ûnderfining hawwe as ik. Mar, wat blykt no? Froulju fan sa rûchwei jonger as fiifentweintich, tritich jier dogge dit ek. Dy fine it dus hielendal net frjemd dat famkes fan hjoededei de rok sakje litte as hja nei de wc geane.

We hawwe, min of mear út 'e gek, in enkête hâlden en dêr kaam hieltyd wer út dat der in soart fan leeftiidsgrins is fan 'rok op' of 'rok del'. Soe dit no in gefolch wêze fan emansipaasje? Komt it omdat heiten memkje en memmen minder rokken drage en it handige fan in rok net mear meikrije? Hoe dan ek, nuver is it al.

Yn it ferline wie it sa dat in as frou ferklaaide man fuortdalik troch de koer gong as er wat tagoaid krige. In man docht dan nammentlik de knibbels by elkoar, wylst in frou de knibbels út elkoar docht, om dat wat goaid wurdt mei har rok op te heinen (dêr is ek ien as oar mearke of sage fan). Dizze gewoante, hast refleks, is der ek grif al lang net mear.

Eins bin ik benijd oft der mear minsken binne dy't soksoarte fan ûnderfiningen, miskien op in hiel oar mêd, hawwe. Der sille grif noch in soad saken wêze, dy't ûnder ynfloed fan feroaring fan tiden, emansipaasje en sa, hielendal oars wurden binne.

It bin tige benijd om, yn it koart, jo ferhaal oer gewoantes hjirûnder oan te treffen.

Fêst betanke!


Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: