Sowieso!

08-09-2009 - 'Sowieso' is in wurd dat tsjintwurdich faak brûkt wurdt. Yn sprektaal en ek yn tekst. Yn tekst wurdt it faak ferkeard skreaun. It falt my op dat ek minsken wêr't ik it net fan ferwachtsje, it net goed brûke.

'Sowieso' is, krekt as 'überhaupt', in lienwurd út it Dútsk. It betsjut 'dochs al' of 'yn elts gefal', mar dan krekt wat minder dúdlik. Yn de measte gevallen kinne we it tige goed ôf mei ús eigen Frysk of Nederlânsk. Op ien of oare manier binne dizze wurden yn 'e moade en net mear fuort te tinken út it Nederlânsk en ek net út it Frysk.

Men hat faak wol muoite mei it skriuwen fan dit wurd. Yn teksten dy't ik de lêste tiden ûnder eagen hân haw, bin ik ûnder oare: 'so wie so, sowiezo, zowieso, zo en zo, soieso, zoiezo, zowizo en sowiso' tsjinkaam en dan binne der hjir en dêr grif noch wol mear ferkearde skriuwwizen. Yn sprektaal is de útspraak faak wat ûndúdlik.

Doe't ik fan 'e wike oant twa kear ta yn it Frysk 'sa en sa' foar 'sowieso' brûken hearde, haw ik dêr ris oer neitocht. Ik betrape mysels der op dat ik foar 'sowieso', sûnder der bot oer nei te tinken, yn it Frysk 'sawysa' sis. Dit is nét goed, fansels. By dit lienwurd, wat it úteinlik is, soe yn it Frysk allinne de skriuwwize feroarje yn 'sowyso'. It Frysk is wat eigensinniger yn it adoptearjen en feroarjen fan lienwurden. Lienwurden binne in goed foarbyld hoe't in taal feroaret en ûntwikkelet. Der binne eins gjin dúdlike regels foar.

Nuver, dat in wurd, dat sa 'n soad brûkt wurdt, sa faak en op safolle manieren ferkeard skreaun wurdt. En frjemd dat je sa, sûnder euvelmoed, sa 'n wurd ek mar brûke yn it Frysk. Ik haw besluten it mar net mear te dwaan.

Dit wurd slûpt dan dochs mar ûngemurken yn in taal en as je net oppasse, begjinne je sokke wurden, dy't dan ek noch ris ferkeard skreaun wurde, gewoan te finen. Noch mear reden om goed op taal te passen. Foardat jo it witte sit taal fol mei nuvere lienwurden, wylts der poerbêste Fryske of Nederlânske wurden foar binne.

Eins soe ik wol witte wolle hoe't jo hjiroer tinke, oft jo 'sowieso' (yn 't Frysk of yn 't Nederlânsk) ek brûke en hoe't jo it skriuwe. Jo kinne jo reaksje hjirûnder kwyt.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Ninjoo op dinsdag 8 september 2009
Ik gebruik denk ik nog vaker überhaupt dan sowieso. En inderdaad, ik schrijf 'sowieso'.
Ik denk niet dat ik een echt goed Nederlands substituut voor 'sowieso' weet. Ik denk ook niet dat Nederlands nog zonder leenwoorden kan, als je alleen al kijkt naar de lijst met germanismen (http://nl.wikipedia.org/wiki/Lijst_van_germanismen_in_het_Nederlands). Zoveel woorden, waarvan we vaak niet meer weten dat ze oorspronkelijk uit het Duits komen.

Maar er is hoop, aangezien er ook behoorlijk veel Frisismes zijn: http://nl.wikipedia.org/wiki/Frisisme !

Jorn op dinsdag 8 september 2009
Tot voor kort schreef ik het ook met een z.... *bloos*

dojaro op vrijdag 25 september 2009
Dus it is net sawiesa yn it Frysk?

Fansels op vrijdag 25 september 2009
Dojaro.
Betanke foar dyn reaksje. Nee 'sawiesa' bestiet net. It lienwurd, soe krekt as yn it Nederlânsk 'sowieso' wêze. De skriuwwize soe allinne feroarje omdat yn it Frysk de 'ie' in brutsen klank jout, sa as yn rie en snie (je hearre de 'i' en de 'e' om samar te sizzen).
Groetnis,
Wopkje

Cees op zondag 27 september 2009
Hinget it net ôf fan wat de sprekkers fan de taal der mei dogge? Der binne sa'n soad lienwurden dy't op in fergelykbere wize oanpast wurden oan it Frysk of it Nederlânsk. Ik brûk sels ek wol gau ris 'sawysa' - en it heart ek wol arich fyn ik; yn elts gefal better as 'sowyso' - lienwurden hoege net *per se* (Latyn) hielendal yntakt te bliuwen - wy sizze dochs ek net mear 'murus', mar 'muorre'? De Ingelsen sizze net fan 'sluaigh-ghorm' mar 'slogan'...

Fansels op maandag 28 september 2009
Bêste Cees,
Betanke foar dyn reaksje. Neidat ik it berjocht oer it brûken fan 'sowieso' pleatst ha, falt my, nóch mear as oars, op, hoe faak ik ek 'sawysa' brûken hear. Ik hoopje dat der minsken binne dy't oer dizze kwestje noch it ljocht skine litte wolle.
Foar 'per se' soe ik persoanlik earder foar 'perfoarst' kieze.
Taal is, fansels, altyd yn beweging. Gelokkich mar, soe 'k hast sizze.
Groetnis,
Wopkje de Jong

Bauke Tilma op donderdag 13 januari 2011
Wat soe in gut wurd weze om 'sowieso' te vermijden? (ik tik op min handset,dat is lestig)

Wopkje de Jong, Fansels op vrijdag 14 januari 2011
Goeie Bauke,
Betanke foar dyn reaksje.
Foar 'sowyso' (sa soe ik it yn it Frysk skriuwe) of 'sawysa', wat ek in soad brûkt wurdt, binne 'yn elts gefal', 'hoe dan ek', 'dochs al' en 'yn it algemien' goede alternativen. De krekte tapassing hinget wat fan 'e situaasje ôf.
Groetnis,
Wopkje

Bauke Tilma op zondag 16 januari 2011
Dat klinkt poerbêst, tanke!