Fansels ien jier!

26-08-2009 - Frysk Fertaalburo Fansels bestiet hjoed, 26 augustus, op 'e kop ôf ien jier. Dit 'jubileum' woe ik in bytsje fiere yn myn weblog troch dit jier ris oer te eidzjen.

Yn 'e oanrin nei it ûntstean fan 'e webside haw ik slim sitten te brieden op in pakkende namme. Ferskate moaie Fryske wurden en nammen passearren de revu. It falt net ta om in goeie namme te finen. As je dwaande binne in namme te betinken, hoege jo dy namme net op te skriuwen om te ûnthâlden. In namme dy't goed falt, ferjitte jo samar net.
Ynienen kaam ik op 'Fansels'. It wurdboek jout de neifolgjende ferklearrings:
1. sûnder help of oarsaak fan bûten ôf, spontaan
2. gjin taljochting nedich hawwend, sa't men wol begripe kin
3. útropwurd, om wat fanselssprekkends te uterjen: jawis

Ik wie der fuortdaliks út: Fansels, dát moast it wurde!
 
26 augustus 2008 wie it dan safier. Smeding Concepts makke my foarearst in webside fan ien pagina en dy gong doe de loft yn. Nei jierrenlang foar in protte minsken in soarte fan thúsfertaler west te hawwen, kaam it der fan: it fertaalburo Fansels!



Yn it begjin hie ik fansels noch net in soad besikers. Dat wurde oars doe't ik begjin oktober in wiidweidiger webside krige. Smeding Concepts hat myn side doe útwreide mei in oantal siden, wêrûnder ek in weblog. Oan 'e statistiken is goed te sjen dat dit it besikersoantal mear as ferdûbele hat.
Begjin desimber haw ik de besikers de mooglikheid jûn om harren kryst- en nijjierswinsken fergees oersette te litten. Dêrút fuort kaam dat ik nei de Krystdagen de mooglikheid opnommen haw om oant 50 karakters fergees fertale te litten.
Foaral hjirop krige ik in soad reaksjes. Tige aardige, ek út it bûtenlân. Sûnt dy tiid haw ik in lytse 400 teksten fergees fertaald. Aardige winsken en felisitaasjes, mar ek drôve berjochten, kamen hjirby foarby.
No't ik it dochs oer sifers ha: út 39 lannen oer de hiele wrâld hie ik in dikke 7.000 besikers. Rom 6.000 dêrfan wiene unyk.

Yn febrewaris, mei Falentyn, hie men ek de mooglikheid om teksten fergees oersette te litten. Ek doe wie der aardich flecht op 'e koai.
Yn febrewaris bin ik ek begûn mei it ferstjoeren fan sprekwurden. Eltse wike kin men in sprekwurd of siswize yn 'e mailbox krije. In dikke 100 minsken meitsje hjir yntusken tankber gebrûk fan. Ik krij hjir ek faak (ûnder oare fia Twitter) tige positive reaksjes op.
Sûnt ein febrewaris bestiet der ek in Hyves fan Fansels. Minsken kinne dêr lid wurde, reagearje en lêze oer Fryske saken en fansels oer Fansels.

Tusken it boppesteande troch haw ik in fiks oantal opdrachten útfierd en haw ik besocht om de side aktueel te hâlden troch sa no en dan yn it weblog te skriuwen oer útienrinnende saken.
Ik hoopje yn it nije jier fan Fansels wer in tige soad fertaalwurk te dwaan en artikeltsjes te skriuwen. Ik wol graach dat klanten tefreden binne én bliuwe.
Mochten jo suggestjes hawwe, dan stean ik dêr foar iepen, fansels...

Foar alle aardige en positive reaksjes yn it ôfrûne jier wol ik jimme hertlik betankje.

Wopkje de Jong

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Wopkje de Jong op dinsdag 8 september 2009
Betanke foar alle hertlike reaksjes nei oanlieding fan dit blogberjocht.

Wopkje

Henk Veenstra op vrijdag 18 september 2009
Wopkje.
Ik neem aan dat je mijn weblog ONLINERS uit Friesland af en toe met een bezoek vereert.
Nu ben ik bezig met een herpublicatie van een serie sprekwurden en sei-siswizen ( al 25 dozijntjes).
Zou je op je site een link wilen plaatsen?
Graag zou ik af en toe iets ( een haiku, een grapke, een onderliner) door je laten vertalen.
Graag je tips ter verbetering/aanvulling van ONLINERS.

Groet Henk

Ik werk al drie jaar prodeo proFryslân.

Wopkje op zaterdag 19 september 2009
Henk,
Betanke foar dyn reaksje. Ik kom hjir op werom.
Freonlike groetnis,
Wopkje