Slakkegong

26-06-2009 - It is slimmer as ea. De optocht midden yn 'e nacht. Of soe ik it earder net sjoen haw? Ik wit it net, mar de grize giet my sa no en dan oer de grouwe. Wêr't dit oer giet? Oer slakken. Slûchslimme slakken.

Elts jier haw ik wol in protte slakken yn 'e tún, mar dit jier slacht wier alles. Yn 'e tún is noch net sá slim, mar dit jier haw ik se ek yn 'e hûs. Foargeande jierren wie der wolris ien, mar dit jier hawwe de slakken, fan dy neakene, optocht.

In skoft ferlyn al, krige ik it yn 'e gaten. Ik wie in pear kear let op bêd. Foardat ik op bêd gean jou ik altyd myn katten in hapke iten. Sa no en dan seach ik wolris ien of twa slakken. Ik pak dan gau it kattebakskepke en 'emigrearje' harren dan gau nei bûten oer de hage.

Justerjûn wie ik ek wer let, mei ferbjustering haw ik sjoen hoefolle fan dy hiele dikke neakene slakken der oer myn keukenflier kroepen. Hja geane lâns de kant, linksom of rjochtsom, op nei de kattebrokjes. It wie dizze kear in rekôr. Justerjûn let telde ik der sân!  Se litte mei har allen in spoar fan slakkespui nei fan komsa. Wêr't se wei komme? Gjin idee!

Bútendoar sjoch ik sokke slakken nea. Se binne mosgrien en wol hast 10 cm lang. Se hawwe noch it measte fan augurken, fan dy yn it lang trochsniene. Dy dingen mocht ik al net sa graach (nee, ek net doe't ik yn ferwachting wie), mar no griis ik dêr hielendal fan.

Ik begryp net hoe't dy bisten eltse kear wer yn myn keuken komme. Op plakken sâlt struie helpt net. Se nimme manmachtich in alternative rûte of sa en miskien laitsje se my wol mei har allen út. Ik bin der mar moai klear mei...

Ik bin dy slûchslimme slakken mear as sêd. Is der immen dy't in net al te moarddiedige oplossing wit?

 

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Sint Smeding op vrijdag 26 juni 2009
Doordat je katten hebt blijven de vogels uit de tuin, dat helpt ook niet erg mee wat slakken betreft.