Fryske tekst

10-06-2009 - Soms kom ik teksten tsjin dy't my oansprekke. Yn guon gefallen fyn ik it spitich dat sa'n tekst der net yn it Frysk is. Omdat ik no ien kear tige graach fertale mei, gean ik bytiden foar sa'n tekst sitten en meitsje der in Fryske tekst fan. Ik hoopje dat ik der ynkoarten ien pleatse kin op dit weblog.

In skoft lyn hearde ik in kabaretier in liet sjongen dat my tige oansprekt. Foarige wike haw ik dizze tekst fertaald. No fyn ik dat ik net sûnder te freegjen in tekst pleatse mei yn myn weblog, sadwaande haw ik de dryste skuon oanlutsen en haw ik dizze kabaretier in e-mail stjoerd. Hjiryn haw ik him de Fryske tekst oanbean en him frege oft ik dizze yn myn weblog brûke mei. Wa wit, wol hy der, krekt as Guus Meeuwis, wol mei optrede yn Fryslân. Mei it oanlearen fan de Fryske tekst wol ik him wol helpe en mei ried en died bystean.

Ik bin tige benijd nei syn reaksje en miskien kinne jo dit liet ynkoarten yn it Frysk oantreffe op myn weblog en mooglik yn 'e takomst hearre yn 'e fertaalde ferzje. 

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.