Anthriscus sylvestris

12-05-2009 - Piipkrûd, plant mei fearfoarmige blêden, holle stâlen en wite blomskermen, dy't foaral yn berms waakst.

Dit krûd hat yn it Frysk in hiel soad nammen: hûnestank, kikkertsblom, kikkertskrûd, luzeblêd, luzeblom, molk-en-bakblom, piperkrûd, slangekrûd, spoekeblom, stjonkblom, stjonkhoarne, stjonkkrûd, toeter en tongerblom.

Fan hûs út sis ik tongerblom. Ik tink dat it ôfhinklik is fan wêr't jo wei komme hoe't jo dizze plant neame. It is eins ûnkrûd, mar foar my net. Elts jier kin ik der wer o sa fan genietsje. Jo kinne my sels bliid meitsje mei in bosk foar yn 'e faas.

Ek haw ik my niis hast in stiselbult socht om in bylage fan 'e Ljouwerter Krante fan in stikmennich jierren lyn. Der hat destiids in wedstriid west mei gedichten oer it piipkrûd. Ik wit seker dat ik him bewarre haw, mar ik wit net mear wêr. Ik hie dy gedichten noch graach ris oerlêze wold...


Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.