Twitterje

06-05-2009 - Twitter is in ynternettsjinst wêrby brûkers koarte berjochtsjes (140 karakters) publisearje. Dizze manier fan kommunisearjen is oerwaaid út Amearika. De namme Twitter komt fan it Ingelske wurd 'twitter', wat getsjotter of getsjetter betsjut. It logo fan Twitter is dan ek in lyts fûgeltsje.

Omdat ik it aardich fyn alderhande dingen te ûndersykjen en te benutten, bin ik sûnt rom in moanne ek oan it twitterjen slein. Ik skriuw myn tweets, sa hjitte de berjochtsjes, yn it Frysk. Yn it begjin fûn ik it tige saai, mar no't ik mear minsken folgje en mear minsken my folgje, wurdt it wol hieltyd aardiger. In protte minsken twitterje mei in soad humor, dat makket my faak oan it laitsjen en it wurket tige ynspirearjend. It is, foaral foar minsken dy't thús efter de kompjûter wurkje, in ferbining mei de bûtewrâld. De twitterkontakten binne in soarte fan 'digitale kollega's'.

Troch ûnder oare Omrop Fryslân te folgjen op Twitter, bliuw ik op 'e hichte fan it lêste nijs yn en oangeande de provinsje. Ek folgje ik sûnt ein april in oantal Fryske twitterders, dy't ek yn it Frysk 'tsjotterje'. Troch dizze minsken te folgjen lês ik no ek ferskate weblogs, wat tige ynteressant is. Earst tocht ik: dit fret tiid, mar yn 'e praktyk falt dat tige ta.

Wol is it fansels nuver dat poerfrjemde minsken myn dwaan en litten folgje kinne. Sa no en dan bekrûpt my yndie it gefoel 'besjoen' te wurden. Jo hawwe fansels sels yn 'e hân wat jo priis jouwe op Twitter en wat jo fan ien al as net lêze.

En fansels: 'men ken de fûgel oan syn 'twitterjen'.




Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Jorn op woensdag 6 mei 2009
Wolkom op twitter! Een pear digitale collega's is altiid wolkom!

Wopkje op woensdag 6 mei 2009
Tankewol Jorn!
Do bist fansels altyd wolkom by Fansels!

daam op woensdag 6 mei 2009
Sa is't mar krekt. Al dy weblogs bin ik yn in kertier troch. En twitterjen is (foar my) klearebare humor. Al is it soms ek hiel serieus. Mar dan moatst hiel goed tusken de rigels trochlêze kinne.